Swarte Mosk (Ealsum)
Swarte Mosk is in buorskip en de pleatslike namme foar de hoeke oan de krusing fan de Dokkumerwei mei de Sybrandawei en de Mockemawei nei Ealsum.
Op de Swarte Mosk stienen fanâlds twa lytse buorkerijen; no is dêr ek in nije pleats. De kadastrale minútkaart fan 1832 jout in lyts gebou by 'Swarte Mosk' dat al lang fuort is.
De oarsprong fan de namme is ûnwis. Guonts tinke dat it de namme fan in kroechje west hat. Letter hie in boerespultsje de namme Swarte Mosk dat yn de iere jierren fyftich ôfbrutsen waard meidat it it ferkear yn 'e wei stie. Swarte Mosk komt net foar yn de beide Schotanusatlassen, de atlassen út de 19e iuw en ek net op de frijwat sekuere earste TMK. [1] De Bosatlas van Fryslân jout de namme foar it earst wol.
Yn it ferline kaam de jeugd út de omkriten dêr wol byinoar.[2] De skriuwer Durk van der Ploeg, dy't yn Ealsum wenne hat, ferwiist yn syn romans De Jacht (1988) en Foarby it Boarkumer fjoer (2002) nei Swarte Mosk.[3][4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|