Svjatohirsk Lavra

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Svjatohirsk Lavra

Свято-Успенська Святогірська лавра

Собор Успіння Божої Матері.jpg
lokaasje
lân Flag of Ukraine.svg Oekraïne
oblast Flag of Donetsk Oblast.svg Donetsk
plak Флаг Святогорска.svg Svjatogorsk
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Fanôf de 16e iuw (Grottsjerke); 19e iuw, 21e iuw
webside Side fan it lavra

It Svjatohirsk Lavra of it Hillige Himelfeart Lavra (Oekraynsk: Свято-Успенська Святогірська лавра; Svjato-Uspenska Svjatohirska lavra) is in kleaster fan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat Moskou) yn Svjatogorsk yn de East-Oekraynske oblast Donetsk.

It kleaster stiet op krytrotsen oan de rjochter igge fan de Seversky Donets yn it Nasjonale Park Hillige Bergen. Njonken de gebouwen binne der ek romtes yn de kalkrotsen sels.

It kleaster krige yn 2004 de status fan "Lavra"; fan de muontsen dy't ea yn it kleaster wennen waarden der 17 hillich ferklearre.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de tradysje setten de earste muontsen harren yn de 14e of 15e iuw op it plak nei wenjen. De earste skriftlike fermelding fan it gebiet "Hillige Bergen" datearret fan 1526 en stiet yn oantekenings fan de imperiale ambassadeur Sigismund Herberstein. Under de jurisdiksje fan it kleaster foel ek it tsjintwurdich net mear aktive Gorochovatsky-kleaster yn de oblast Charkov. It kleaster lei yn de Wylde Fjilden, it doedestiidske lege gebiet tusken Ruslân en it Krim-Kanaat en waard ferskate kearen oanfallen en plondere troch de Krim-Tataren. Yn de twadde helte fan de 18e iuw ferlear it kleaster de ferdigeningsfunksje en hie it in grut lânbesit.

Oersicht

Yn 1787 liet Katarina de Grutte it kleaster slute. It lânbesit waard sekularisearre en yn 1790 oan Katarina's favoryt prins Grigori Potjomkin jûn. Twa fan de kleastertsjerken, de Marije-Himelfearttsjerke en de Sint-Nikolaastsjerke op de rots, waarden parochytsjerken, de oare gebouwen waarden ôfbrutsen. It lân bleau yn besit fan de famylje Potjomkin en sânenfytich jier letter, yn 1844, soarge ien fan syn erfgenamen, Aleksander Michailovitsj Potemkin en syn frou Tatiana foar in weroplibbing en de weropbou fan it kleaster.

De Sint-Nikolaastsjerke

De folgjende santich jier waard it kleaster ien fan de grutste kleasters yn it Russyske Ryk. It wie in drokte fan belang en der stienen mûnen, ateliers en hannelshûzen. Ek de bysûnder moaie lokaasje loek in soad pylgers. Tsjin it ein fan de 19e iuw waard by it plak fan it treinûngelok mei de keizerlike famylje yn it doarp Borki in úthôf boud mei de Kristus de Ferlosserkatedraal. Oant it útbrekken fan de Earste wrâldkriich wennen der likernôch 600 muontsen yn it kleaster.

Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de politike feroarings fan 1917 brieken foar it Svjatohirsk-kleaster minne tiden oan. It plonderjen fan de gebouwen begûn al yn jannewaris 1918.

It lot fan it kleaster waard û.o. kedize troch de stifter fan de Sovjet-republyk Donetsk-Krivoj Rog, Fjodor Sergejev, ek bekend ûnder de namme "kammeraad Artjom". Hy behoede oan de iene kant de wichtichste tsjerken foar de ferneatiging, mar liet oan de oare kant de Himelfeartkatedraal ferbouwe ta bioskoop en op it eardere plak fan it alter toiletten delsette.

Yn 1922 kaam der in ein oan it monastike libben en waard it kleaster opheft.

Weriepening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alderheljenkleaster

Nei de fal fan de Sovjet-Uny waard it kleaster yn 1992 op 'e nij iepene. It begjin wie beskieden: in preester tegearre mei fjouwer jonge novisen út Donetsk. Doe't yn 1995 it tal muontsen tanaam waard útein set mei de restauraasje fan de skeinde tsjerken en gebouwen fan it kleaster.

Fanwegen de histoaryske rol dy't it kleaster spile, de opmerklike weroplibbing fan it kleaster en de geunstige ynfloed op it spirituele libben fan de regio naam de Hillige Synoade fan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke op 9 maart 2004 it beslút om mei de segen fan patriarch Aleksi it kleaster de status fan "lavra" te ferlienen. Dêrmei is Svjatohirsk nei Kiëv-Petsjersk en Potsjajiv it tredde otterdokske lavra fan de Oekraïne.

Tsjintwurdich is it lavra wer in wichtich spiritueel sintrum fan de otterdoksy yn East-Oekraïne en Súd-Ruslân. De âldste tsjerke is de 17e iuwske Grottsjerke fan Sint-Jan de Doper. Alle ôfnommen, foaral 19e iuwske, gebouwen binne yntusken werom jûn en restaurearre. Ek binne der nei de weriepening nije kapellen en tsjerken oan it kompleks tafoege.

Ek it ûnder de jurisdiksje fan it kleaster fallende Alderheljenkleaster mei de houten Alderheljentsjerke waard nij libben ynblaasd; it wurdt tsjintwurdich beskôge as in monumint fan houten arsjitektuer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Святогорская лавра