Potsjajiv Lavra

Ut Wikipedy
Potsjajiv Lavra

Свято-Успенська Почаївська Лавра

bouwurk
Marije-Himelfeart- of Untsliepeniskatedraal
Marije-Himelfeart- of Untsliepeniskatedraal
lokaasje
lân Oekraïne
oblast Ternopil
plak Potsjajiv
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 18e iuw, 20e iuw, 21e iuw
boustyl Barok
offisjele webside
Side fan it lavra

It Potsjajiv Lavra (Oekraynsk: Свято-Успенська Святогірська лавра); Svjato-Uspenska Svjatohirska lavra) yn it stedsje Potsjajiv is it op ien nei grutste kleaster fan de Oekraïne.

Oant 23 novimber 2018 wie it kleaster yn besit fan it bisdom Ternopil-Kremenets fan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat fan Moskou), mar de Oekraynske oerheid hat it weromjaan fan de gebouwen yn 2003 weromdraaid en se oerdroegen oan it Kremenets-Potsjajiv Histoarysk-Arsjitekturaal Steatsmuseum.

Yn 2018 wennen yn it lavra likernôch 200 muontsen en 50 novisen.

Stifting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de oerlevering waard it kleaster stifte troch muontsen fan it Petsjersk Lavra, dy't yn 1240 flechtsje moasten foar de Tataren. In earste fermelding fan it kleaster datearret fan 1527.

Sint-Job fan Potsjajiv
Ynterieur Marije-Himelfeartkatedraal

Doe't yn 1596 yn de stêd Brest, dat doe diel útmakke fan it Poalsk-Litousk Mienebest, de oergong fan de Otterdokske Tsjerke nei dy fan Rome bekend makke waard troch de foarming fan in tsjerklike uny fersette it kleaster him fûl tsjin dat beslút en waard it in sterk spiritueel sintrum fan de Otterdoksy. Yn 1597 krige it kleaster fan de lokale lâneignaresse Anna Hojska in grut stik lân en in mirakuleus ikoan fan de Mem Gods. Yn 1649 folge de bou fan in nije stiennen tsjerke foar it kleaster.

De bloeitiid fan it kleaster foel yn de earste helte fan de 17e iuw, wat te tankjen wie oan de komst fan hegumen Ivan Ivanovitsj Zjeleza, dy't as monastike namme Job hie. Hy fierde herfoarmings troch en in strikt monatyk libben.

Op 2 augustus 1675 nadere in grut Turksk-Tataarsk leger ûnder lieding fan khan Nurredin de delsetting en omsingele it fan trije kanten. De ynwenners fan oanbuorjende delsettings flechten allegear nei it kleaster, dat yn dy tiid net in goede ferdigening hie en allinne in houten ôffreding kende. Hegumen Josif Dobromirsky oertsjûge de bruorren en leken om by de ferdigening fan it kleatser de foarbea te freegjen oan de Allerhilligste Jongfaam en de muonts Job fan Potsjajiv en in hymne foar Us-Leaffrouwe te sjongen. Mei de earste wurden fan de hymne ferskynde neffens de oerlevering de Mem Gods yn it fermidden fan ingels mei swurden. Ek Job fan Potsjajiv wie te sjen en hy bûgde him foar Marije om te bidden foar de beskerming fan it kleaster. De Tataren seagen it himelske leger en begûnen op de Mem Gods en de abt te sjitten, mar de pylken kearden en ferwûnen dyjingen dy't se ôfsketten hiene. Se besochten it kleaster te bestoarmjen, mar it leger stoartte yn in gaos en begûnen yn de betizing dy't folge inoar te deadzjen. De ferdigeners fan it kleaster seagen harren kânsen no, setten de achterfolging yn en namen in soad oanfallers finzen. Guon finzenen namen it kristlike leauwe oan en bleaune foar altiten yn it kleaster.

It lavra as Gryksk-katolyk kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nikolaas Pototski

Fan 1713 oant 1831 waard it kleaster Gryksk-katolyk, mar sels yn dy drege tiid lei it kleaster 539 wûnders fêst, dy't tarekkene waarden oan it fereare otterdokske ikoan. Sa barde it yn de twadde helte fan de 18e iuw dat de ealman en uniaat greve Nikolaas Pototski syn koetsier der fan beskuldige dat er mei wylde hynders it reau omfier riden hie. De lilke greve pakte it gewear om him del te sjitten, mar de koetsier kearde him nei de heuvel fan Potsjajiv, stiek de hannen omheech en rôp om de beskerming fan de Mem Gods fan it Potsjajiv-ikoan. Pototski skeat en dêrnei noch in pear kear, mar it wapen dat nea wegere hie skeat jimmeroan mis en de koetsier bleau yn libben. Pototski seach it as in teken en hy naam it beslút himsels en syn hiele besit oan de fierdere útbou fan it kleaster te jaan.

De grûn fan it kompleks is terrasfoarmich oanlein en de grûn wurdt jimmeroan wat heger nei de belangrykste tsjerke fan it lavra: de Marije-Himelfeart- of Untsliepeniskatedraal (1771-1791). De katedraal hat in gevel mei twa tuorren; typysk foar de katolike tradysje. De komposysje mei de sintrale koepel op in achthoekige tamboer twa sydtuorren is yn oenrienstimming mei de bêste foarbylden fan de Oekraynske barok. Pototski, dy't de katedraal finansiearre hie, waard nei syn dea yn de katedraal begroeven.

Sûnt 1730 is der in printerij yn it kleaster.

It kleaster wurdt wer otterdoksk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katedraal fan de Trije-ienheid

Yn 1831, nei it delslaan fan de Poalske Opstân fan 1830-1831, waard it kleaster mei in dekreet fan tsaar Nikolaas I wer in russysk-otterdoksk kleaster. Yn 1833 krige it kleaster de status fan lavra, it fjirde lavra fan it Russyske Ryk. Yn 1842 waard yn opdracht fan grevinne Anna Orlova-Tsjesmenskaja in sulveren skryn makke foar de Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid makke, dêr't de reliken fan de abt Job yn lizze. Yn de jierren 1861-1869 waard in 65 meter hege neobarokke klokketoer boud; folge troch de bou fan de Trije-ienheidkatedraal yn 1906 yn de styl fan de âlde Novgorod-tsjerken. Eastenryksk-Hongaarske troepen besetten yn de jierren 1915-1916 it lavra; in tal muontsen waarden op in pear nei dy't ûnderdûkten by lokale bewenners nei in finzenenkamp stjoerd. Nei de befrijing yn 1916 troch russyske troepen waard it monastike libben wer oppakt en kearde de rêst werom.

Sovjet-ferfolging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 septimber 1939 foel Hitler-Dútslân Poalen binnen. Wat letter, yn it midden fan septimber, besette de Sovjet-Uny it eastlike diel fan Poalen. It lavra, dat yn dy tiid binnen de grinzen fan it foaroarlogske Poalen lei, kaam no te lizzen yn it troch de Sovjet-Uny besette gebiet en krige no ek te meitsjen mei anty-religieuze polityk fan de kommunisten. De Sovjet's plonderden it kleaster; it reau, de masjines, it fee en de foarrieden, alles waard meinommen. Ek de skoallen binnen de kleastermuorren holden op te bestean. De novisen en jonge muontsen waarden út it lavra ferballe; allinne de âldere muontsen mochten bliuwe. Dêrmei sakke it tal ynwenners fan it lavra fan 300 oant 80.

Seminaarje

Under de anty-religieuze kampanje yn de tiid fan Nikita Chrûsjtsjov sette in nije ferfolgingsweach útein. De nije ferfolgings setten yn 1958 útein mei in foarse ferheging fan de belestings, dy't al yn 1945 ynsteld wiene. Foar it Potsjajiv Lavra betjutte it dat it foar de 10 hektare boulân 400.000 roebel ôfdrage moast. Fanôf 1961 lieten autoriteiten beslach lizze op meardere gebouwen. Yn it seminaarje, dat oan de trep nei de Hillige Poarte stiet, brochten de kommunisten in "Museum foar Ateïsme" ûnder, sadat gjin pylger it misse koe. It ûnderkommen foar de pylgers waard yn in psychiatryske klinyk transformearre. It kleaster mocht boppedat gjin minsken mear ynhiere foar it wurk op it lân. Ek fûnen nije plonderings plak en weardefolle saken en boeken ferhûzen nei musea. Om't it ferbean wie om novisen ta te litten yn it kleaster, bleaune der allinne âlde muontsen oer dy't it wurk net mear oan koene. Jeften fan otterdokske minsken holden it kleaster noch wat op de fuotten, mar yn in dekreet fan 16 oktober 1961 waarden alle organisearre pylgerreizen nei hillige plakken ferbean, hotels dêr't pylgers ferbliuwe koene waarden sletten en it wie ek ferbean om yn de kleastertsjerken de nacht troch te bringen. Om't alle maatregels om kleasters deabloedzje te litten mislearren, gyngen de autoriteiten oer op it útoefenjen fan direkte duk op elts dy't mei it lavra te krijen hie. De KGB en plysje brûkten fysike en psychologyske narderijen foar de muontsen: sûne muontsen waarden twongen om opnommen te wurden yn psychiatryske kliniken, der waarden net-besteande en optochte besmetlike syktes útfûn, muontsen dy't net geskikt wiene om tsjinst te dwaan yn it leger waarden oproppen of se waarden mishannele en nei kampen stjoerd.

Klokketoer

It tal muontsen yn it lavra wie yn 1961 dramatysk sakke; nei in pear jier ferfolging wiene der noch mar 35. It kleaster bleau lykwols iepen, itjinge mooglik te tankjen wie oan it feit dat it lavra net yn in grutte stêd mar op in frijwat isolearre lokaasje stie. Ek yn de jierren 1970-1980 bleau der noch in foarm fan narderij bestean fan de kant fan de oerheid en de KGB. Bekend is dat noch yn 1985 de heechste amtenaren yn Kiëv opdracht joegen om alle bustsjinsten nei it lavra te annulearjen, sadat de minsken dêr gjin Peaske fiere koene.

Nije tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1988 reizgen tûzenen pylgers nie it lavra om it millenium fan it kristenjen fan Ruslân te fieren. Fanôf dy tiid krige it lavra sûnt lange tiid wer tastimming om wer jonge novisen en nije muontsen op te nimmen. It tal bruorren woeks wer oan en it kleaster naam wer it plak yn fan ien fan de belangrykste kleasters yn de otterdokske wrâld.

Op 5 augustus 1990 besocht foar it earst yn de skiednis de krekt keazen Moskouse patriarch Aleksi II it lavra yn it ramt fan it 750-jierrich jubileum fan de stifting fan it kleaster. It kleaster naam wer de taak op om de bern en jongerein te ûnderwizen en der waard in bernekoar stifte om de tsjinsten op te fleurjen.

Yn de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke wie lykwols in beweging ûntstien dy't nei in folslein selsstannige status stribbe en de bannen mei it patriargaat fan Moskou trochsnije woe. Ek it kleaster waard troffen troch dy nije ferdieldheid doe't de doedestiidske abt syn ideeën oer in fan Moskou ûnôfhinklike Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke út de doeken die. De muontsen fan it kleaster wiene lykwols net foar syn plannen te rissen en de saak rekke op skerp doe't de abt jimmeroan mear syn eigen gong gyng. De tsjinstellings kamen ta in hichtepunt en de abt waard frege it kleaster te ferlitten.

Under syn opfolgers krige it lavra dielen fan it eardere lânbesit werom, gebouwen waarden werom jûn, de psychiatryske klinyk wer frij makke foar de pylgers en yn it eardere Museum foar Ateïsme in teologyske skoalle ûnderbrocht. De Himelfeartkatedraal en de klokketoer waarden restaurearre en de tunen en omjouwing fan de Trije-ienheidskatedraal opknapt. Sûnt 1997 is it lavra stauropegiaal, dat wol sizze dat it fuort ûnder de jurisdiskje fan de metropolyt fan Kiëv en hiel de Oekraïne falt.

Yn 2011-2013 waard mei de bou fan de Transfiguraasjekatedraal in tredde katedraal oan it kompleks tafoege.


Op 15 desimber 2018 waard mei de stifting fan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat fan Kiëv) de al besteande skuorring yn de otterdokske mienskip yn de Oekraïne formeel. Patriarch Filaret hie earder dat jier de by it patriargaat fan Moskou oansletten lavra's Petsjerk en Potsjajiv foar de selsstannige Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke opeaske, ek al wiene de bewenners fan it kleaster trou oan it patriargaat fan Moskou.[1] Op 5 jannewaris 2019 folge de offisjele erkenning fan de autosefale Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke troch it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel.

Noch yn de hjerst fan itselde jier draaide it Oekraynske Ministearje fan Kultuer in beslút út 2003 werom, dat de weromjefte fan de kleastergebouwen oan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke regele. De gebouwen waarden no wer oerdroegen oan it Kremenets-Potsjajiv Histoarysk-Arsjitekturaal Steatsmuseum.[2] De réaksje fan abt Vladimir fan it lavra wie dat noch it ministearje, noch it museum, mar de Mem Gods oer it kleaster regearret.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Почаевская лавра