Sutton Courtenay
Appearance
Sutton Courtenay | ||
All Saints Church | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ingelân | |
Greefskip | Oxfordshire | |
Regio | Súd East Ingelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.413 (2001) | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+0 | |
Simmertiid | UTC | |
Offisjele webside | ||
Webstee Sutton Courtenay |
Sutton Courtenay is in plak en civil parish yn de bestjoerlike krite Vale of White Horse, yn it Ingelske greefskip Oxfordshire. It plak leit oan de rivier de Teems, trije kilometer besuden Abingdon en fiif kilometer noardwest fan Didcot. Sutton hearde by it greefskip Berkshire oant de grinsferoarings fan 1974; der wenje sa'n 2413 minsken.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 688: Kening Ine fan Wesseks foarsjocht Kleaster Abingdon fan de bûtenpleats (manor) Sutton.
- 801: Sutton wurdt keninklik, allinne de tsjerke en it hûs fan de pryster behearre ta it kleaster[1]
- 1086: It Domesday Book fernijt dat Sutton foar de helte oan de kening heart
It nammepart „Courtenay“ waard taheakke doe't Sutton ein 12e iuw besit fan de famylje Courtenay wie.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Norman Hall (boud om 1192)[2]
- The Abbey (om 1320)
- Great Hall (14e iuw)
- The Wharf (1913), bûtenpleats fan Herbert Henry Asquith. Dêr waard it beslút dat Ingelân de Earste Wrâldkriich yngean soe ûndertekene.
- All Saint’s Church (12e iuw)[3]
- Op it All Saints Churchyard yn Sutton Courtenay binne ûnder oaren beïerdige:
- Herbert Henry Asquith (1852-1928), Britsk politikus en earste minister
- Eric Blair (1903-1950), Britsk skriuwer, sjoernalist en kritikus, ferneamd ûnder de skûlnamme George Orwell
- Franta Belsky (1921-2000), Tsjechysk-Britsk byldhouwer.
-
All Saint’s Church
-
The Plough Inn
-
Grêf fan Asquith
-
Grêf fan Eric Blair
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sutton Courtenay fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|