Supermoanne

Ut Wikipedy
Ferskil yn skynbere grutte fan in in 'gewoane' moanne (l.), in supermoanne oer.

In supermoanne is de astrologyske namme foar in folle moanne dy't grutter eaget en klearer as de folle moanne oars is. De grûn fan dat ferskynsel is dat de Moanne yn in ellips om de Ierde rint, en dêrtroch is hja somtiden tichterby de Ierde as oars. De ôfstân tusken Moanne en Ierde is likernôch tusken de 357.000 km en 406.000 km, wat trochsneeds delkomt op sa'n 384.450 km. At de de ôfstân minder is as 90% fan dy trochsnee, dan wurdt der sprutsen fan in supermoanne.

Ek in nije moanne kin in supermoanne wêze, mar fansels is dy op dat stuit net sichtber; it is allinnich de ôfstân op dat minimum dy't optekene wurdt as in supermoanne.

Fa de tolve as trjitsjin folmoannen, binne trije as fjouwer supermoannen. Soks jildt ek sa foar nijmoannen.

Oersjoch fan folmoannen en nijmoannen. Supermoannen binne de punten ûnderyn tekene.

Somtiden is in supermoanne ek in moannefertsjustering; dat wurdt dan in superbloedmoanne neamd.

Oarsom kin in moanne ek fierder fuort wêze as de trochsnee; dan wurdt sprutsen oer in mikromoanne.

Astronomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Astronomysk is in supermoanne in minimum wat tichteby it perigeum tusen Moanne en Ierde is. It is lykwols gjin astronomyske definysje.