Sulvertsjilling

Ut Wikipedy
sulvertsjilling
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai tsjillings (Spatula)
soarte
Spatula versicolor
Vieillot,
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel
     wintergast

De sulvertsjilling (Spatula versicolor, Syn.: Anas versicolor) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e einfûgels. It is in lytse ein, dy't yn 'e súdlike helte fan Súd-Amearika en op 'e Falklâneilannen foarkomt.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jerk.

Oars as by in soad oare soarten fan it skaai is it ûnderskied tusken de jerken en wyfkes mar lyts. De jerkjes fan 'e sulvertsjilling binne mei in trochsnit fan likernôch 440 gram wat swierder en grutter as de wyfkes, dy't 370 gram wege. De einen binne tusken de 38 en 45 sm lang. Beide geslachten hawwe in donkere, sûkeladebrúne oant swarte matte op 'e kop, wêrby't by wyfkes de kleuren mei de rest fan 'e kop wat minder skerp ôftekene binne.

Oan 'e flanken hawwe de einen brede swarte en wite dwersbannen, wylst de boppekant fan it bealchje en it boarst okerkleurige fearren ha.

De piken hawwe al fuort in donkere, swartbrune matte op 'e kop. De rest fan it dûns fan 'e piken is sulverwyt. Poatsjes en snaffel binne donkergriis. Juvenilen binne wat matter as de folwoeksen fûgels. Harren matte op 'e kop is boppedat wat bruner.

Fanwegen de opfallende kleuren op 'e kop kin de fûgel yn syn ferspriedingsgebiet net mei oare einen betiizge wurde.

Biotoop en iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sulvertsjillings libje yn 'e briedtiid foar it measte op en by ûndjippe plassen, marren en somplân yn in iepen lânskip. Se komme in soad foar yn 'e greidegebieten fan 'e Falklâneilannnen, dêr't yntinsyf buorke wurdt, en yn 'e omjouwing fan Buenos Aires. Bûten de briedtiid komt de ein ek yn groepen mei oare einesoarten foar.

Sulvertsjillings ite swyljend en grondeljend. It iten bestiet foar it measte út sied en it grien fan wetterplanten.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aaien fan 'e sulvertsjilling.

Yn Súd-Amearika falt de briedtiid tusken oktober en novimber. De nêsten wurde yn it hege gers by de kant fan wetter boud. It wyfke briedt de sân oant tsien aaien yn 24 oant 26 dagen út.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sulvertsjilling hat twa ûndersoarten:

S. v. fretensis is wat grutter as de nominaatfoarm en ek wat donkerder fan kleur.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Versicolorente