Springe nei ynhâld

Oman

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sultanaat Oman)
سلطنة عُمان
Sulṭanat ʿUmān
Flagge fan Oman Wapen fan Oman
Flagge Wapen
Lokaasje fan Oman
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Maskat
Steatsfoarm Sultanaat
Gebiet
% wetter
212.460 km²
0,0­%
Ynwenners (2005) 2.567.000
Munt Rial (OMR)
Tiidsône UTC +4
Lânkoade OMN
Ynternet .om
Tillefoan 968

Oman of Omaan (oant 1970 bekend as Maskat en Osman) is in lân yn it West-Aazje. De haadstêd is Maskat en de sultan (en earste minister) fan de absolute monargy is Haitham bin Tariq Al Said sûnt 11 jannewaris 2020.

Oman wurdt begrinzge troch:

Woastynlânskip yn Oman

Oman bestiet foar it grutste part út in stiennige woastynflakte, mei yn it noarden in rige bergen (al Jebel al Akhdar).

By de noardeastkust lâns rint in ûngefear 15 km lange fruchtbere stripe lân. Oan de súdeastkust lizze de grutste stêden fan it lân mei de haadstêd Muskat.

It kimaat fan Oman is lân ynwerts hjit en skrok en myld by de kust.

Troch de iuwen hinne wie it lân Oman in sintrum foar hannelers. Yn 1508 waard de wichtige havenstêd Muskat troch de Portegezen beset, en holden der kontrôle oant it oermastere waard troch de Osmanen yn 1659. Oman gong diel útmeitsjen fan it Ottomaanske Ryk. Yn 1741 waarden de Osmanen ferdreaun en kaam de tsjintwurdige sultan-dynasty fan hearskers opsetten, de Abû Saids.

Oan it begjin fan de 19e iuw waakste Oman út ta in macht fan betsjutting, mei besittings yn Perzje, Belûtsjistan en Sansibar, mar stadichoan ferlear it har besittings. Yn 1891 waard Oman in Britsk protektoraat en bleau dat oant 1971. Dat jier waard it ûnôfhinklik mei sultan Qaboes bin Said Al Said al steatshaad.

Nei skatting wenne der yn 2005 2.567.000 minsken yn Oman. Dêrmei is it ien fan de tinstbefolke lannen op de wrâld. Lykwols nimt de befolking yn rap tempo ta en sil nei gedachten oer 20 jier ferdûbele wêze.

Meastepart fan de Omanys stamje ôf fan Arabyske stammen, de Azd en de Nizary. De Azd komme út Jemen en de Nizary út de Nadjd-regio yn Saûdy-Araabje. Harren tradisjonele stammenstruktuer is de hiele skiednis troch bewarre bleaun en pas troch de tsjintwurdige sultan Qabous is it folk feriene.

Der libje yn Oman ek noch ferskate oare befolkingsgroepen. De saneamde Sansibarys binne neisieten fan Omanys dy't eartiids nei Sansibar lutsen. Sûnt 1970 binne in protte weromkomd. Njonken Arabysk sprekke sy ek Swahily. Fierders wurke der in protte gastarbeiders, dêr't measten fan út Ynje, Banglades, de Filipinen en Sry Lanka weikomme en fral yn de tsjinstferlienende sektor wurkjen. De Jeropeanen, meastal Britten mar ek Nederlanners, wurke by banken of hawwe oar heech kwalifisearre wurk, û.o. yn de oaljeyndustry.

Goed 75% fan de befolking is Ibady Moslim, in ortodoks islamitysk leauwen. It is sûnt lange tiid de dominante religy fan it lân. Sûniten en Sjyiten foarme minderheden.

De net-Moslim religys wurde troch minder as 5 %fan de befolking oanhongen en bestiet benammen út Hindoes, Boedisten, Zoroastrians, Sikhs, Baha'is, en Kristenen. Foaral gastarbeiders binne oanhinger fan dy leauwen.