Springe nei ynhâld

Strykmûne D (De Zes Wielen)

Ut Wikipedy
Strykmûne D
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Alkmar
adres Molenkade 7
koördinaten 52° 38'N 4° 46'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje strykmûne
flecht 24,58 m
boujier 1630
oare ynformaasje
eigner Mûnestifting Alkmar
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7470
Webside
www.molend.nl
Kaart
Strykmûne D (Alkmar)
Strykmûne D

Strykmûne D yn Alkmaar is ien fan 'e 14 strykmûnen, dy't eartiids boud waarden om it wetter fan ferskate polders ôf te meallen nei de Skermerboezem. In strykmûne is in wettermûne mei in tige lytse opfierhichte, dy't it wetter fan 'e iene nei de oare boezem "strykt" respektyflik meallet. Om de strykmûnen fan inoar te ûnderskieden, waarden de mûnen oantsjut mei in letter. De strykmûnen by Alkmar wurde ek wol de 'Zes Wielen' neamd, nei de seis grutte tsjillen, wêrmei't de oerhalen betsjinne waarden.

By it drûchlizzen fan 'e Heerhugowaard koene de bedikers net foldwaande wetter útmealle op 'e Raaksmaatsboezem. Dêrom moasten de strykmûnen boud wurde op 'e skieding fan 'e Raaksmaats- en Skermerboezem om it oerstallige wetter fan 'e Raakmaatsboezem yn 'e 40 sm heger steande Skermer te meallen.

Seis strykmûnen stiene oan 'e Molenkade yn Oudorp (hjoed-de-dei in wyk fan Alkmar), fjouwer efter Oudorp en fjouwer by Rustenburg. Fan dy fjirtjin strykmûnen binne der acht oerbleaun. Yn 1941 ferlearen de strykmûnen harren funksje mei't de Raaksmaatsboezem mei de Skermerboezem ferbûn waard. Strykmûne A waard demontearre om de mûne yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum by Arnhim wer op te bouwen. By oarlochsomstannichheden gyng de demontearre mûne dêr lykwols ferlern. Mûne F stie oan 'e ein fan 'e rige en baarnde al yn 1688 ôf. Dy mûne waard doe net op 'e nij boud. Sadwaande binne fan 'e seis mûne op 'e lokaasje no noch allinne de strykmûnen B, C, D en E oerbleaun.

De strykmûnen fan 'e Raaksmaatboezem waarden tusken 1627 en 1630 boud en Strykmûne D stamt fan 1630. Eigner fan 'e mûne is de Mûnestifting Alkmar e.o..

Strykmûne D is in muonts mei in flecht fan 24,58 m. De mûne waard yn 2000 restaurearre. Doe waard û.o. it ûndertafelemint ferfongen en it kruiwurk renovearre en waard de mûne geskikt makke om yn te wenjen. Yn 2016 waard de mûne op 'e nij mei reid dutsen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: