Strykmûne C (De Zes Wielen)
Strykmûne C | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Alkmar | |
adres | Molenkade 7 | |
koördinaten | 52° 38'N 4° 45'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | strykmûne | |
flecht | 24,60 m | |
boujier | 1627 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Mûnestifting Alkmar | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 7469 | |
Webside | ||
molenstichtingalkmaar.nl | ||
Kaart | ||
Strykmûne C yn Alkmaar is ien fan 'e 14 strykmûnen, dy't eartiids boud waarden om it wetter fan ferskate polders ôf te meallen nei de Skermerboezem. In strykmûne is in wettermûne mei in tige lytse opfierhichte, dy't it wetter fan 'e iene nei de oare boezem "strykt" respektyflik mealt. Om de strykmûnen fan inoar te ûnderskieden, waarden de mûnen oantsjut mei in letter. De strykmûnen by Alkmar wurde ek wol de 'Zes Wielen' neamd, nei de seis grutte tsjillen, wêrmei't de oerhalen betsjinne waarden.
By it drûchlizzen fan 'e Heerhugowaard koene de bedikers net foldwaande wetter útmealle op 'e Raaksmaatsboezem. Dêrom moasten de strykmûnen boud wurde op 'e skieding fan 'e Raaksmaats- en Skermerboezem om it oerstallige wetter fan 'e Raakmaatsboezem yn 'e 40 sm heger steande Skermer te meallen.
Seis strykmûnen stiene oan 'e Molenkade yn Oudorp (hjoed-de-dei in wyk fan Alkmar), fjouwer efter Oudorp en fjouwer by Rustenburg. Fan dy fjirtjin strykmûnen binne der acht oerbleaun. Yn 1941 ferlearen de strykmûnen harren funksje mei't de Raaksmaatsboezem mei de Skermerboezem ferbûn waard. Strykmûne A waard demontearre om de mûne yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum by Arnhim wer op te bouwen. By oarlochsomstannichheden gyng de demontearre mûne dêr lykwols ferlern. Mûne F stie oan 'e ein fan 'e rige en baarnde al yn 1688 ôf. Dy mûne waard doe net op 'e nij boud. Sadwaande binne fan 'e seis mûne op 'e lokaasje no noch allinne de strykmûnen B, C, D en E oerbleaun.
De strykmûnen fan 'e Raaksmaatboezem waarden tusken 1627 en 1630 boud en Strykmûne C stamt fan 1627. Eigner fan 'e mûne is de Mûnestifting Alkmar e.o..
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strykmûne C is in muonts mei in flecht fan 24,60 m. Yn 1999 rûn de mûne foarse brânskea op troch boartsjende bern. Doe't in restauraasje fan 'e mûne hast foltôge wie en de mûne ek wer mealree makke wie, folge op 25 desimber 2004 yn 'e iere moarn op 'e nij brânstifting. De skea wie no tige grut en allinne it achtkant bleau bewarre, wylst de bewenster en mûnder fan 'e mûne har it libben der mar krekt ôfrêde koe.
De mûne wie goed fersekere en al gau waard útein set mei in werbou. Op in grut part fan it achtkant en de skroef, it standerrêd en it skroefrêd nei moast it grutste part rekonstruearre wurde. Op 6 april 2008 koe de mûne foar it earst sûnt de earste brân wer draaie. De mûne is mealree yn sirkwy.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|