Springe nei ynhâld

Stridon

Ut Wikipedy

Stridon (Latyn: Strido Dalmatiae) wie in plak yn de Romeinske provinsje Dalmatia. It plak lei nei alle wierskyn net fier fan it hjoeddeiske Ljubljana yn Sloveenje. Oare lokaasjes dêr't oan tocht wurdt binne: Sdrin, Štrigova, Zrenj (Kroaasje), Starod (Sloveenje), Zrin en noch mear plakken yn Kroaasje en Sloveenje.

Stridon is ferneamd meidat de tsjerkfaar Hiëronymus fan Stridon dêr berne waard. Yn 379 waard Stridon ferwoastge troch de Goaten. Hiëronymus skreau oer dat barren yn syn wurk De viris illustribus[1]

Teffens kaam Domnus fan Stridon út dit plak. Domnus wie in biskop, dy't meidie oan it Earste Konsily fan Niseä, yn 325.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noat
  1. Hiëronimus, De viris illustribus, hdst. 135 «Hieronymus patre Eusebio natus, oppido Stridonis, quod a Gothis eversum, Dalmatiae quondam Pannoniaeque confinium fuit...»