Stoomgemaal Hartoch Reijnout
It Stoomgemaal Hartoch Reijnout stiet yn de polder Arkemheen by Nijkerk. It is yn 1882 boud om in gebiet fan sa'n 3.000 ha te bemeallen. It hat tsjinst dien oant 1983, doe't in elektrysk gemaal de funksje oernaam. Dit stoomgemaal is it ienige noch wurkjende gemaal mei bûtenskoeperêden. Yn 1996 en 1998 hat it gemaal noch meidraaid doe't it elektryske gemaal alle wetter út de Arkemheenpolder net hurd genôch fuortpompe koe.
It gemaal is neamd nei hartoch Reijnout II ( 1295 – Arnhim, 12 oktober ) (De Swarte) fan Gelre (Greve fan Gelre 1326-1339) en hartoch fan Gelre (1339-1343). Dy hartoch hat yn de midsiuwen in soad dien om dit gebiet te beskermjen tsjin de Sudersee. Dat die er bygelyks troch it fersterkjen en oanlizzen fan diken.
Yn 1985 is it gemaal restaurearre; sûnttiid is it geregeld iepen foar it publyk. Sa'n 12 mealdagen yn it jier wurdt it gemaal ûnder stoom brocht. Yn 2007 krige it gemaal in nije stoomtsjettel. It tsjettelhûs fan it gemaal kin ek ynrjochte wurde as restaurant foar selskippen.
Yn de âlde koaleloads njonken it gemaal sit no it besikerssintrum Arkemheen, mei in soad ynformaasje oer de polder Arkemheen, dy't ûnder oare oanwiisd is as fûgelreservaat. Njonken it moderne gemaal oan de Seedyk om de polder Arkemheen stiet de ûnderbou fan de eardere wynwettermûne dy't yn 1874 troch bliksemynslach ôfbaarnde. Yn 1883 waard de ûnderbou ferboud ta masinistewenning en is no in partikulier wenhûs.
Technyske gegevens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- boujier stoommasine: 1882
- fabrikant stoommasine: Bakker en Rueb Breda
- fermogen: 110 pk
- ynhâld stoomtsjettel: 8000 liter
- kapasiteit tsjettel: 1200 kilo stoom yn it oere
- wetterferpleatsing skoeperêden: 260 m³ yn it oere
- skoarstienhichte: 28 meter
- te bemeallen oerflak: ± 3000 ha.