Stoomgemaal

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Stoomgemaal;Vier Noorder Koggen; yn Medemblik, no Nederlands Stoommachine Museum.
Gemaal Cruquius
Polygoonjoernaal út 1956 oer it stoomgemaal Mastenbroek

In stoommgemaal is in gemaal dat troch in stoommasine oandreaun wurdt.

Opkomst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neidat James Watt de stoommasine ûntwikkele hie ta in gaadlike oantriuwing, waard dy fansels ek tapast foar it pompen fan wetter. Yn Nederlân wurde stoomgemalen brûkt sûnt de ein fan de 18e iuw: yn 1787 waard yn de Blijdoarpske polder yn Rotterdam de earste stoompomp ynsetten. Foar dy tiid waarden mûnegongen mei wynmûnen brûkt. It beswier wie dêrby dat in mûne net pompe koe at der te min of te folle wyn wie. Dat probleem hienen de stoompompen net, mar de earste stoomgemalen hienen noch safolle problemen yn harren konstruksje dat hja net betrouwberder wienen as de mûnen.

Bloeitiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bloeitiid fan it stoomgemaal lei yn de twadde helte fan de 19e iuw: Yn it begjin van de 19e iuw waard de technyk ferbettere dat stadichoan waarden de stoomgemalen mear en mear ynset. Steamgemalen koenen mei in folle gruttere kapasiteit boud wurde, wat wer gruttere projekten mooglik makke. De geweldige stoomgemalen Leeghwater (1846), Cruquius (1849) en Lijnden (ek 1849) mealden tusken 1849 en 1852 de Haarlimmermar leech. It ynpolderen fan de mar makke de bou fan de boezemstoomgemalen Spaarndam (1846) en Halfweg (1853) needsaaklik.

Neitiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 20e iuw waard oergongen op oare enerzjyboarnen. Ynearsten waarden noch in pear nije stoomgemalen boud. It bekendste hjirfan is it Yr. D.F. Woudagemaal (1920), it grutste noch wurkjende stoomgemaal fan’e wrâld. Mar in soad stoomgemalen binne sloopt of omboud ta dieselgemaal.

Ferneamde gemalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stoomgemaal by Halfweg is it âldste noch wurkjende steamgemaal. It steamgemaal Cruquius, oait it grutste stoomgemaal fan ’e wrâld, hat gjin stoomtsjettels mear en is ynrjochte as museum.

Oare bekende stoomgemalen binne: