Stony Plain Reservaat 135

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Stony Plain Reservaat 135
Stony Plain 135 Reserve
polityk
haadplak Enoch (Alberta)
stamme Flagge fan de Enoch Kry Naasje.PNG Enoch Kry Naasje
lân Flag of Canada.svg Kanada
provinsje Flag of Alberta.svg Alberta
sifers
ynwenners 987 (2011)
oerflak 51,61 km²
bef.tichth. 19,1 / km²
oar
stifting 1884
tiidsône UTC –7
simmertiid UTC –6
webside www.enochnation.ca

It Stony Plain Reservaat 135 (Ingelsk: Stony Plain 135 Reserve) is in reservaat fan 'e Enoch Kry Naasje (Enoch Cree Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It waard yn 1884 stifte as útfloeisel fan it Ferdrach Nû. 6, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten.

De lokaasje fan it Stony Plain Reservaat 135 yn 'e provinsje Alberta.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Stony Plain Reservaat 135 is sitewearre yn it sintrale diel fan Alberta, grinzgjend oan 'e westlike stedsrâne fan Edmonton, de provinsjale haadstêd. Oan alle oare kanten wurdt it reservaat omsletten troch Parkland County. It leit dêrmei yn 'e Haadstedske Regio fan Edmonton. It reservaat beslacht in oerflak fan 51,61 km², en is dêrmei fierwei it grutste fan 'e beide reservaten fan 'e Enoch Kry Naasje (it oare is it ûnbewenne Stony Plain Reservaat 135A).

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it Stony Plain Reservaat 135 doe 987 permaninte bewenners, dy't yn 378 ûnderskate wenten libben. De befolkingstichtens bedroech sadwaande 19,1 minsken de km². De bewenners fan it reservaat binne sa goed as allegearre leden fan 'e Enoch Kry Naasje. Hja binne etnyske Kry (Cree), in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep fan Kanada is. It haadkertier fan it Stony Plain Reservaat 135 is it doarp Enoch, dat frijwol synonym is mei it reservaat.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn oktober 2006 iepene de Enoch Kry Naasje it River Cree Casino and Resort, in kasino, hotel en sportkompleks wêrfan't de bou C$210 miljoen koste hie. It stiet yn 'e noardeasthoeke fan it Stony Plain Reservaat 135, en grinzget oan 'e stêd Edmonton.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.