Springe nei ynhâld

Stokfisk

Ut Wikipedy
Stokfisk
Drûchrekken foar stokfisk yn Noarwegen
Noarske útfier fan stokfisk fan 2000 - 2004, yn tonnen

Stokfisk is de namme foar drûge fisk. Stokfisk is meast fan kabeljau, mar ek wol fan, skylfisk, leng en hjerring makke. Troch it drûgjen is de fisk lange te bewarjen. At men de fisk goed koel en drûch hâld, kin de hâldberens wol in jier berinne.

Stokfisk komt tsjintwurdich fral út Noarwegen, mar wie al by de Wytsingen bekend. Ein 9e iuw wie der al in bloeiende hannel yn stokfisk, sa as beskreaun is yn it ferslach fan Ottar oan kening Alfred de Grutte fan Wesseks. It goedhâlden fan fiedsel op lange seereizen wie doetiids in hiele toer, dat stokfisk wie poulêr by de Wytsingen en waard ek rillegau oernaam troch seefarders fan oare folken, mei om't it sâltsjen fan fleis en fisk foar 1600 in djoerabele saak wie. Op Nederlânske skippen wie stokfisk oant 1900 ek in fêst part fan it menú.

Stokfisk wie it earste eksportprodukt fan Noarwegen en wurdt noch hieltyd útfierd troch dat lân. Stokfisk wie ek tige wichtich foar de ekonomyen fan Britsk Noard Amerika (fral foar de fiskerijhavens fan Newfoundland, Nij Ingelân, Nova Scotia). Drûge kabbeljau hat iuwenlang de Yslanders troch de tiid holpen en wie dêr suver lykweardich oan bôle.[1]

Foar 1940 waard yn Nederlân aktyf reklame makke foar stokfisk troch it propagandabureau voor stokvisch. Ien fan de biedwurden wie: "Wij weten dat er veel menschen zijn die denken dat zij niet van stokvisch houden, omdat het zoo ruikt, maar stokvisch ruikt niet erger dan bijvoorbeeld artikelen als kool en bakvisch en van deze artikelen houdt u wel." Stokfisk wie goedkeap yn dy tiid en wie goed iten foar earme lju.

Stokfisk wie winteriten yn hiel Jeropa. Anno 2009 is stokfisk djoer wurden ûnder oaren troch de tebekrinnende kabbeljaustân. Yn Skandinaavje en Dútslân is stokfisk noch hieltyd bekend iten; it wurdt fral om de Kryst hinne iten. Stokfisk wurdt ek iten yn lannen om de Middellânske See, yn Afrika en ek yn de Antiljaanske keuken wurdt stokfisk tamakke. Dêr hjit it bakkeljauw. Yn it Noarske plakje Å wie eartiids in bloeiende stokfiskferwurkjende-yndustry, no is dêr it Lofoten Stokfiskmuseum (Noarsk: Lofoten Tørrfiskmuseum).

Ut de Fryske Petiele

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1 kg weakke stokfisk of
400 gr drûge stokfisk
10 gr sâlt

Stokfisk is winteriten. Drûge stokfisk moat ljocht fan kleur wêze en stevich oanfiele en net tranich rûke. De drûge stokfisk weakket men sa'n twa oant trije dagen. It wetter moat men in pear kear ferfarskje. Fel derôf en bonkjes derút helje. Selsweakke stokfisk fiif kertier en kochte trije kertier posjearje, tsjin de soad oan gear wurde litte. Lis de fisk op in foarferwaarme panne en presintearje der seane ierappels of rys by, sipelsjes, yn bûter brún bakt en mosterdstip.[2]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kurlansky, haadstik 9
  2. Kloosterman, Simke; Haan, Wieke de, De Fryske Petiele en wat der op en yn leit, 1986. Stokfisk