Stifting Juckema Siderius Fûns
Stifting Juckema Siderius Fûns Stichting Juckema Siderius Fonds | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | JSF | |
nasjonaliteit | Frysk | |
type org. | stifting | |
wurkmêd | algemien maatskiplik belang yn Fryslân | |
fêstige yn | Ljouwert | |
oprjochte | 5 augustus 1971 | |
oprjochter | Ane Juckema (by testamint) | |
offisjele webside | ||
www.juckemasideriusfonds.nl |
De Stifting Juckema Siderius Fûns (offisjeel, Nederlânsk: Stichting Juckema Siderius Fonds) is in Fryske stifting, dy't fêstige is yn Ljouwert. Dizze organisaasje waard yn 1971 oprjochte om 'e neilittenskip fan Ane Juckema te behearen. Juckema, dy't earder notaris te Warkum wie, kaam op 19 maaie 1971 te ferstjerren. Hy hie yn 1968 by testamint fêstlein dat syn neilittenskip brûkt wurde moast om it algemien maatskiplik belang yn 'e provinsje Fryslân te tsjinjen.
Sadwaande waard op 5 augustus 1971 neffens Juckema syn winsken troch de arrondissemintsrjochtbank fan Ljouwert in trijekoppich bestjoer foar de Stifting Juckema Siderius Fûns ynsteld. Dat bestjoer hâldt him dwaande mei it behear fan 'e neilittenskip sawol as mei de útfiering fan 'e doelstellings fan 'e stifting. It behear fynt grutdiels plak troch it fermogen te brûken foar de oankeap (en ferhier) fan ûnreplik goed en yn mindere mjitte troch te belizzen yn obligaasjes en sparjild. Dêrby is it doel om it fermogen fan 'e neilittenskip fan Juckema yn stân te hâlden, sadat de doelstellings fan 'e stifting der oant yn lingte fan dagen mei tsjinne wurde kinne.
De útfiering fan 'e doelstellings fan 'e stifting wurdt dien troch útkearings ta te kennen oan in ryk ferskaat fan maatskiplike en kulturele ynstellings. Om't der folle mear oanfragen dien wurde as dat de stifting út 'e jierliks beskikbere jildlike middels oan foldwaan kin, wurde dêrby in stikmannich strikte rjochtlinen yn acht nommen. Sa komme oanfragen inkeld yn oanmerking foar finansjele stipe as de te subsidiëarjen aktiviteit plakfynt binnen de grinzen fan Fryslân en by foarkar yn 'e Súdwesthoeke en/of de Greidhoeke (mei't Juckema út dat diel fan 'e provinsje wei kaam). Fierders foarmet de oantoanbere duorsumens fan in projekt in wichtige faktor en komme allinnich organisaasjes (dat partikuliere persoanen net) foar in útkearing yn oanmerking.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |