Greidhoek' Festival
Greidhoek’ Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Wommels | |
tiid fan it jier | mids septimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | muzykfestival, kultureel evenemint | |
sjenre | ferskaat | |
bestean | 2011 – 2019 | |
org. troch | Stifting Greidhoek' Festival | |
offisjele webside | ||
www.greidhoekfestival.nl |
It Greidhoek’ Festival wie in muzykfestival en kultureel evenemint[1][2][2] dat elts jier om mids septimber hinne[1] holden waard yn it Fryske doarp Wommels.[1][2] It ûntstie oarspronklik út in benefytjûn foar it pleatslike Swimbad De Klomp,[1][2][3] mar ûntjoech him troch de jierren hinne ta in alsidich barren mei muzyk, iterij, keunst en kultuer.[2] It festival wie ferneamd nei de Greidhoeke, de lânstreek yn it noardwesten fan Fryslân dêr't Wommels middenyn leit.[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2011 waard in benefytjûn mei muzyk organisearre om it needlijende Swimbad De Klomp, yn Wommels, finansjeel út 'e brân te helpen.[1][2] Dy muzykjûn krige de namme Klomprock.[2] De organisaasje, dy't neffens de eigen webside út dwerse kreätivelingen bestie,[2][3] foldie dat sa goed, dat it jiers dêrop op 'e nij sa'n jûn holden waard.[1][2] Yn 2013 krige de organisaasje in formele struktuer mei de oprjochting 'e Stifting Greidhoek' Festival.[2] It evenemint waard doe ek omneamd nei de hjoeddeistige namme.[2] Yn 2012 loek it festival al 800 besikers, en yn 2017 wie dat oantal oanwoeksen ta 1800.[1]
It Greidhoek’ Festival waard holden yn 'e geast fan 'e Amerikaanske keunstskilder en presintator fan tillefyzjeskilderlessen Bob Ross, dy't yn 1995 hommels ferstoar.[2] Ross wie de maskotte fan it festival, en waard oeral by belutsen. Sa waard elts jier yn juny de saneamde 'Bobjûn' holden yn it appelhôf oan 'e Van Sminialeane,[2] wêrby't bekendmakke waard wat de organisators dat jiers foar de besikers yn petto hiene. Behalven in line-up fan bands dy't op it Greidhoek’ Festival optrede soene, gie it dêrby ek om keunstprojekten en in teäterstik.[1]
Begjin juny 2019 makke de Stifting Greid'hoek Festival bekend dat de edysje fan dat jier de lêste wêze soe.[3] Neffens foarsitter Lukas Offringa wie it bestjoer bang om mei noch mear edysjes yn werhelling te fallen, en wie dêrom besletten om "romte [te meitsjen] foar wat nijs."[3] Op 'e lêste edysje, holden op sneon 7 septimber 2019, waard it Greidhoek' Festival, fertsjintwurdige troch de maskotte Bob, symboalysk yn in deakiste útdroegen. It feest wie tagelyk ek it lêste optreden fan 'e terminaal sike Bob Fosko, de lead-sjonger fan 'e band De Raggende Manne, dy't oanhelle wie mei sloktermkanker en it measte sjongen om foar de hân lizzende redens oerliet oan in twatal gastsjongers. Syn oanwêzigens joech de festivaltematyk in earnstige lading.[4]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|