Springe nei ynhâld

Stienbergen (Smellingerlân)

Ut Wikipedy

Stienbergen (Nederlânsk: Steenbergen) wie in lytse delsetting besuden Koartehimmen yn de gemeente Smellingerlân, dy't werjûn waard op 'e lânkaart fan Wopke Eekhoff út 1848. De Schotanuskaart fan 1718 jout de namme 'Steenbuir'. Yn de 20e iuw hawwe de Woodbrookers dêr lange jierren festige west.

Ek by Aldemardum lei eartiids in Stienbergen; dat hjit no Spitsbergen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: