Springe nei ynhâld

Stichting Fytskomitee Surhústerfean

Ut Wikipedy

Stichting Fytskomitee Surhústerfean is in organisaasje dy't (anno 2012) al tritich jier de Profrûnte fan Surhústerfean en al 17 jier om Ald & NIj de Ynternasjonale Sintrumcross, in fjildrit yn de Topklasse organisearret. Dêrneist wurdt de Pieter Weening Classic hâlden, in toertocht troch de regio. Organisator Emi Nieuwenhuis makket al sûnt de oprjochting yn 1976 diel út fan it Fytskomitee en krige dêrfoar yn 2006 it Sulveren Tsjil fan de KNWU.

Al yn de 19e iuw waarden hurdfytswedstriden hân yn Surhústerfean. Op 20 oktober 1881 wie der in hurdriderij op vélocipèdes by kafeehâlder A. van der Schors. Der waard striden om priis en preemje fan totaal f. 25,-. Pas fjirtjin jier letter wie der wer in oankundiging. No waard der, op de twadde dei nei de merke, in fytswedstriid hâlden by de widdo J. Kingma. De startlist telde mar fiif dielnimmers en E.P. Venema út Grootegast wie de rapste. By de "priisútdieling" by J. Fokkinga barde hy tsien gûne, wêrnei't in bal it sportive barren ôfsleat.

Profronde om de Gouden Fyts

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dielnimmers oan de profronde stride elk jier yn augustus om de Gouden Fyts dy't beskikber steld wurdt troch de Feriening Spavo en de Friesland Bank.

In cross troch it sintrum fan Surhústerfean.

Pieter Weening Classc

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In toertocht troch de regio. Wurdt ferriden yn july sûnt 2006. Start en finishplak is it Toerplein. Dielnimmers kinne kieze tusken 25, 40, 60 en 100 kilometer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: