Stedehoudersstate
Stedehoudersstate wie in state besúdeasten it doarpke Skingen en noardwest fan Dronryp oan de Strjitwei nr. 7, yn de gemeente Menameradiel. Op it eardere stee stiet yn 2012 in pleats.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wannear't de state boud en ôfbrutsen is, is net bekend. Neffens de prekadastrale atlas fan Menameradiel is it goed yn 1640 fan Epo fan Aylva. As brûker wurdt Douwe Watzes neamd, wat der op wiist dat it doe al in (grutte) pleats wie. Epo wie 1634 yn Froubuorren troud mei Ansk fan Groustins. Hy wie doe grytman fan It Bilt.
Op 26 april 1682 keapet Jehannes Piters de Stedehouderstate fan Vrouwe Lucia van Aylva foar 42 goudgûnen en 13 stuorren de pûnsmiet. Yn 1700 is it goed noch eigendom fan 'Joannes Pijters', mar brûker is syn soan Dirk Joannes. It wie in pleats fan 88 pûnsmiet en der moast 25 gûne en 7 stuorren floreenbelesting oer betelle wurde. It gehiel hie “Gravinne Carlson ten Oosten, trekweg ten zuiden, hr. van der Waijen ten westen en hr. Tjepke van Eminga ten Noorden”. Yn septimber 1703 skriuwt Roucoma yn syn kronyk fan Dronryp: “nu is blinde Johannes Pijters mede gesturven op steehoudersplaats”. Dat Johannes wie by de bern op de state/pleats wenjen bleaun.
Op 14 jannewaris 1710 keapet Dirk Johannes de 'gerechte helfte' fan Stedehouderstate fan syn suster Jeltje Johannes foar in bedrach fan 4.525 karolusgûnen. (In karolusgûne wie 20 stuorren, in goudgûne wie 28 stuorren) Nei him (yn 1748) binne syn bern mei elkoar eigener en yn 1758 wurde syn soannen Schelte en Auke Dirks besitters en brûkers fan de state neamd, elts foar de helte. Yn 1778 en 1788 wurde Schelte Dirk syn widdo en Auke Dirks fernijd, beide foar de helte. Yn 1798 wurde Johannes Scheltes en Dirk Scheltes erven as eigners fernijd. De nammen fan de ferstoarne bruorren wurde dat jier lykwols trochhelle en ferfongen troch de nammen fan de erven sels. Dat blike de trije bern fan Dirk te wêzen, om't der oantekene stiet: “F. van Loon nom ux, Schelte Dirks en Pieter Dirks”.
Nei it ferstjerren fan Dirk Scheltes om 1783 hat syn mem blykber it roer yn hannenn nomd. Dirk syn widdo Sybrich Jelkes trout yn 1790 mei buorman Jetze Jacobs, dy't boer is op Wobbemastate ûnder Skingen. As de dochter fan Dirk en Sybrich, Hiske Dirks Stedehouder, yn 1795 trout mei Folkert van Loon barrt soks yn de tsjerke fan Skingen en wurdt it feest hâlden op de pleats dêr't mem de septer swaait: Wobbemastate… twa dagen en twa nachten lang! Neffens de hear Rienk Wassenaar is de hjoeddeiske pleats Stedehouders boud om 1780 hinne. Dêrby is ôfbraakmateriaal fan de state opnij brûkt, want by it weiheljen fan de stâlflier yn 1995 kamen bakstienen foar it ljocht fan in grut formaat, saneamde "Rooswinkels". Dy Rooswinkels binne lytser as kleastermoppen, mar in stik grutter as it hjoeddeiske "Waalformaat" fan 5x10x20 sm. Yn 1832 hie Stedehouders noch in eigen opfeart út it suden wei fan de Frjentsjerter Feart ôf. In oare opfeart rûn oant twa stikken lân fan de pleats ôf fanút it súdeasten. Yn 1818 binne Saakje en Idske Tjepkema eigenaressen en Tiete Westerveld brûker. Yn de tsien jier dêrnei ferkeapje se de pleats ien komme te ferstjerren. Yn elk gefal is Sake Martens Tjepkema, lânbouwer, yn 1828 eigener en brûker, tegarre mei syn frou Sjeuke Jacobs Pekel. Se binne ek eigeners fan Wobbemastate dat troch Sjeuke ynbrocht is. Hja wie grif in suster fan Jetze Jacobs, dy't ferstoar foardat Napoleon elkenien ferplichte in famyljenamme oan te nimmen. Yn 1858 is it noch stees yn eigendom en gebrûk by Sake Tjepkema, is alles noch 88 pûnsmiet 88 pondemaat en de te beteljen floreenbelesting noch altiten 25 gûne en 7 stuorren... itselde as yn 1700...
Yn 1995 kochten Pieter Houtsma en Anna Wassenaar de pleats fan har âlden. Mei behâld fan it karakter fan de pleats bouden se efter yn de skuorre in romme wenning. Rienk Wassenaar en Aaltje Hannema bleunen yn “de foarein” wenjen.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1640 Epo fan Aylva
- oant 1682 Lucia fan Aylva
- 1682 - 1703 Joannes Pijters
- 1703 – 1710 Durk en Jeltje Johannes
- sûnt 1710 Durk Johannes
- 1748 Schelte en Auke Dirks
- 1798 Anna, Schelte en Pieter Dirks
- 1818 Saakje en Idske Tjepkema
- 1828-1858 Sake Martens Tjepkema
- Daniël de Hoop
- famylje Bennema
- Lammert Gerrits Dijkstra
- 1954-1995 Rienk Wassenaar en Aaltje Hannema (bleanen der wenjen)
- sûnt 1995 Pieter Houtsma en Anna Wassenaar
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|