Stasjon Vroomshoop
Stasjon Vroomshoop station Vroomshoop | ||
Stasjon Vroomshoop (2018) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Twinterâne | |
plak | Vroomshoop | |
adres | Stationslaan | |
koördinaten | 52° 27' NB 6° 34' EL | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Vhp | |
type | NOLS 3e klasse | |
iepening | 1 oktober 1906 | |
boujier | 1905 1e stasjonsgebou, 1979 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 2002 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | Eduard Cuypers | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Mariënberg - Almelo | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Vroomshoop (Vhp) is in spoarweistasjon yn it doarp Vroomshoop yn de gemeente Twinterâne yn de provinsje Oerisel. It waard iepene yn 1906 oan it Spoar fan Mariënberg nei Almelo. It stasjon hjitte oant 1952 Den Ham-Vroomshoop, de namme waard wizige fanwege de ôfstân fan Den Ham nei it stasjon.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stasjonsgebou fan Mariënberg is in Standerttype NOLS 3e klasse, boud oan it begjin fan de 20ste iuw, en ien fan de sân stasjons dy't ea fan dit type boud waard. in ferienfâldige fariant fan it stasjonsgebou fan it type 2e klasse ûntwurpen troch arsjitekt Eduard Cuypers. Dêr't type twadde klasse twa foarútspringende geveldielen hat, krijt it stasjonsgebou fan Vroomshoop der mar ien. Lykas de measte oare gruttere stasjons fan de NOLS is ek oan it stasjonsgebou fan Vroomshoop in lytse frachtloads boud. Dizze loads is al yn 1909 fergrutte.
Yn 1979 is it folsleine stasjonsgebiet modernisearre. De treinen hâlde tenei op in nij eilânperron. Op it perron is in ienfâldige wachtromte mei loket delset it loketgebou waard yn . It dak is inkelde meters trochlutsen as oerkaping. Under de spoaren is boppedat in fyts- en fuotgongerstunnel oanlein. It perron is net alline te beriken fia de tunnel, mar ek fia in oergong njonken it âlde stasjonsgebou. Tagelyk ferdwine de stasjonsfunksjes út it âlde stasjonsgebou út 1905 dat hjoed de dei yn gebrûk is as wenhûs. It stasjonsgebou út 1979 waard yn 2002 ôfbrútsen.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RS 21 31000 |
Stoptrein (Arriva) | Almelo – Vroomshoop – Mariënberg – Hardenberg | 1x it oere |
Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|