Stasjon Mariënberg
Appearance
Stasjon Mariënberg station Mariënberg | ||
Stasjon Mariënberg (2023) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Hardenberg | |
plak | Mariënberg | |
adres | Stationsweg | |
koördinaten | 52° 30' NB 6° 34' EL | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Mrb | |
type | NOLS 2e klasse | |
iepening | 1 febrewaris 1905 | |
boujier | 1905 | |
arsjitekt | Eduard Cuypers | |
monumintale status | gemeentlik monumint | |
monumintnûmer | 0160 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Swol - Stêdskanaal Mariënberg - Almelo | |
Stasjon Mariënberg om en de by 1928 | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Mariënberg (Mrb) is in spoarweistasjon yn it doarp Mariënberg yn de gemeente Hardenberg yn de provinsje Oerisel. It waard iepene yn 1893 oan it Spoar fan Swol nei Stêdskanaal, yn 1906 kaam dêr ek noch it spoar nei Almelo by.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stasjonsgebou fan Mariënberg is in Standerttype NOLS 2e klasse, boud oan it begjin fan de 20ste iuw, en ien fan de tolve stasjons dy't ea fan dit type boud waard. It is in heech stasjonsgebou mei oan de strjitkant trije ferspringende geveldielen fan ferskillende breedtes, ûntwurpen troch arsjitekt Eduard Cuypers. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as ytgelegenheid.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RE 20 3800 |
Flugge trein (Arriva) | Swol – Mariënberg – Emmen | 1x it oere |
RS 20 8000 |
Stoptrein (Arriva) | Swol – Mariënberg – Emmen | 1x it oere |
RS 21 31000 |
Stoptrein (Arriva) | Almelo – Mariënberg – Hardenberg | 1x it oere |
Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|