Stasjon Jellum-Boksum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 jan 2006 om 23.49 troch Theun (oerlis | bydragen) (Tebek set ta de ferzje fan "B.")

Jellum-Boksum (Jellum-Boxum) wie in stasjon tusken Boksum en Jellum oan it spoar fan Ljouwert nei Starum.

It stasjon is boud yn 1882, mar kaam earst yn gebrûk doe't 16 juny 1883 it spoar fan Ljouwert nei Snits iepene waard. It waard likernôch 55 jier brûkt, mar waard 15 maaie 1938 sletten, tegearre mei de oare lytse stasjons oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. Lykas dy oare stasjons waard it yn 1940 noch koart brûkt: it waard op 1 juny wer iepene, mar op 24 novimber wer sletten.

It stasjon wie it earste tuskenstasjon op de rûte, op goed 5 kilometer fan it stasjon yn Ljouwert. Sa'n twa kilometer fierder nei it suden kaam dan Bears. Jellum-Boxum hie de geografyske ferkoarting Jbx. It lei by de krusing mei de Hege Dyk, op likernôch 53° 10' 21" N - 5° 44' 15" E.

Yn de kanon It muzyk giet troch de buorren wurdt songen oer it sjongen fan "Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!" Of dat ek wer in liet wie, en wêrom it stasjon sa wiidferneamd wie, wurdt der lykwols net by sein.