Stasjon Hoogeveen
Stasjon Hoogeveen station Hoogeveen | ||
Stasjon Hoogeveen yn 2008 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | Hoogeveen | |
plak | Hoogeveen | |
adres | Stationsplein 1b | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hgv | |
iepening | 1 maaie 1870 | |
boujier | 1868 1e stasjonsgebou 1984 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1984 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1868 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1984 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline C | |
4667 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Hoogeveen (Hgv) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Hoogeveen yn de provinsje Drinte. It waard iepene yn 1870 oan de Steatsline C (Meppel - Grins).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarweistasjon fan Hoogeveen wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de tsien stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.
It stasjon waard yn 1984 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. Douma hat it sylhûet fan it âlde stasjon probearre te imitearjen yn it nije troch hege oerkaping dominearre stasjonsgebou. Oan 'e efterkant fan dizze oerkaping is de sintrale hal mei twa lege fleugels. Yn 2014 krige de stasjonstunnel nei it 2e perron, liften foar reizgers mei in rolstoel.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
12600 | Intercity (NS) | Grins – Assen – Hoogeveen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almere Sintrum – Amsterdam Sintraal | Alinne freedtenachts |
8100 | Sprinter (NS) | Swol – Meppel– Hoogeveen – Assen – Grins | In healoeretsjinst |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|