Springe nei ynhâld

Stasjon Bedum

Ut Wikipedy
Stasjon Bedum
station Bedum
Stasjon Bedum (1970)
Stasjon Bedum (1970)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
plak Bedum
adresStationsweg
arsjitektuer
stasjonskoadeBdm
typeStanderttype Loppersum
iepening15 juny 1884
boujier1883 stasjonsgebou
1975 abry
sloopjier1975 stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons1
perronspoaren2
spoarlineGrins - Delfsyl
Stasjon Bedum (1920)
Stasjon Bedum (1920)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Bedum (Grinslân)
Stasjon Bedum

Stasjon Bedum (Bdm) is in spoarweistasjon yn it doarp Bedum yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. En waard iepene yn 1884 oan it Spoar fan Grins nei Delfsyl.

It oarspronklike spoarweistasjon fan Bedum wie in Standerttype Loppersum, boud yn de jierren tachtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de njoggen stasjons dy 't ea fan dit type boud wie. It ienfâldige gebou hie in leech middendiel parallel oan it spoar en twa ferskillende eingebouwen heaks op it spoar. It stasjonsgebou waard yn 1975 ôfbrútsen en ferfongen troch in abry.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 5
37700
Stoptrein (Arriva) GrinsBedumDelfsyl

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: