Standermole
De standermole is it âldste type mûne fan Nederlân. In standermûne is hast hielendal fan ikehout boud en bestiet út twa dielen: in ûnderbou mei dêrboppe in kast. De meallerij sit yn de kast, dy't yn 'e regel twa en somtiden trije ferdjippings hat.
De namme fan de standermûne is ûntliend is oan de stander of staak, in likernôch 70 sintimer dikke stamme, dy't rjochtop yn in houten draachkonstruksje stiet en de kast draacht, dy't hielendal neffens de wyn draaid wurde kin. It fûnemint fan de mûne wurdt foarme troch mitsele fundearringspeallen.
De ûnderbou fan de standermûne wurdt foarme troch it krúswurk. De standerd wurdt oerein holden troch skoarbalken, dy't op harren plak holden wurde troch de horizontale krúsplaten en nei boppe ta einigje by it seal, in horizontale konstruksje dy't de kast ûnderstipet. In ûnderbou kin iepen, healiepen of ticht wêze; sokke standermûnen wurde dan iepen, healsletten resp. sletten standermûnen neamd. In trep oan de efterkant fan de kast liedt nei de binnenkant fan de mûne, De hiele mûne is relatyf maklik ôf te brekken en op in oar plak wer op te bouwen.
De wipmûne (of wipwettermmûne) is in type mûne dat syn oarsprong fynt yn de standermûne. Ut de wipmûne kaam letter it eartiids yn Fryslân soad foarkommende spinnekopmûntsje foar. De wipmûnen en ús spinnekoppen ferskille lykwols fan funksje en waarde'/wurde yn 'e regel foar it regeljen fan de wetterhûshâlding ynset. Ek de tsjintwurdich tige seldsume paltrokmûne is in type mûne dat trochûntwikkele is út de standermûne.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierste fermeldings fan standermûnen komme út Belgje en Noard-Frankryk en datearje út it begjin fan de 11e iuw. Yn de 14e iuw oermastere de standermûne ek hiel Nederlân en op tal fan skilderijen fan âlde stedsgesichten is it type mûne op de bolwurken te sjen.
Yn 'e regel waarden en wurde de standermûnen brûkt om nôt te meallen. Sûnt de 16e iuw waarden de standermûnen stadich oan ferfongen troch stellingmûnen. Tsjintwurdich binne standermûnen noch te finen yn Belgje (staakmolen), Denemark (stubmølle), Ingelân (postmill), Noard-Dútslân (Bockmühle), Frankryk (moulin sur pivot), Sweden (stubbkvarn) en Nederlân (standaardmolen). De âldste noch besteande Nederlânske standermûnen steane yn Nistelrode, Someren, Terschuur en Ede.
Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De standermûne wie lang ferlyn ek yn Fryslân in soad foarkommend mûnetype. De lêste Fryske standermûnen stiene yn Smellingerlân en wiene alletwa fan it iepen type. De yn 1639 boude standermûne fan Aldegea waard yn 1908 ôfbrutsen en doe ferfongen troch in stellingmûne.[1] De alderlêste Fryske standermûne stie yn De Rottefalle, in 17e-iuwske mûne, dy't yn 1921 omwaaide.[2]
Yn 2015 presintearren de Dokkumers Warner Banga en Karel Jongsma fan de wurkgroep Molenerf it plan om in tredde mûne op ien fan de Dokkumer bolwurken te bouwen. It soe in rekonstruksje wurde moatte fan de standermûne De Iikhoarn, dy't dêr oant 1760 stien hie. [3]. Ek op oare plakken binne standermûnen op steds- of ferdigeningswâlen rekonstruëarre, lykas yn Brielle, Heusden, Bourtange en Brugge. De gemeente Dongeradiel wiisde oardel jier letter it ynisjatyf fan de wurkgroep ôf, om't it plan net passe soe yn de romtlike oardening en it bestimmingsplan. De gemeente omskreau in rekonstruksje fan de mûne op it plak as in 'nijboud dekorstik'. [4][5]
-
Belgje (Brugge) -
Denemark (Egeby)
-
Dútslân-NW (Petershagen) -
Nederlân (Klein Genhout)
-
(Frankryk (Dosches))
-
Sweden (Häljarp)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|