Springe nei ynhâld

Stadsbrouwerij Leeuwarden

Ut Wikipedy
Tsjettels by In de Brouwerij

Stadsbrouwerij Leeuwarden is in Grand Café, brouwerij yn it sintrum fan Ljouwert en is oprjochte yn 2019 troch eigner en brouwer Willem Adema, ûnder de namme In de Brouwerij.

Ljouwert hat mei Stadsbrouwerij Leeuwarden, sûnt de lêste brouwerij fan betsjutting it ôflei yn 1865, fannijs in bierbrouwerij yn de stêd.

It hoteldiel iepene yn oktober 2020 de doarren en dêrnei wie noch oanfoljende finansiering nedich om alles ôf te rûnjen. Eigener Willem Adema hat keazen foar crowdfunding, omdat hy fûn dat der tegearre foar soarge wurde moat dat Ljouwert nei jierren wer in echte bierbrouwerij krige. Ein 2021 wurde de earste bieren yn de eigen brouwerij broud. It earste bier is yn 2019 op de merk ferskynd, it Zaailander Boekweit Blond fan 7.4%. By de ûntwikkeling fan de earste Saailanners is neist de kennis en ekspertize fan Tsjerkebier ek it Frysk Lânbou Museum belutsen mei harren kennis oer de skiednis fan Fryslân. Dit earste bier is broud en bottele by Tsjerkebier.

Yn it ramt fan BOSK, in keunstproject fan Arcadia, hat de brouwerij foar ien kear it BOSK Bier makke, mei tinten fan linebeam en blossem.

De brouwerij stiet yn it âlde koetshûs oan de efterkant fan it monumintale pân en ûnder in beweechber glêzen dak. De brouwerij hat in kapasiteit fan 10 hektoliter en nei ferwachting sille sa 'n 8 bieren ûntwikkele wurde.

Ein maaie 2023 is de brouwerij folslein yn bedriuw en is de namme feroare yn Stadsbrouwerij. Yn 2023 is der ek in websjop foar onlineferkeap makke. Nettsjinsteande de eigen brouwerij wurdt der ek noch bier broud by oare brouwerijen.

  • Zaailander Boekweit Blond
  • Bosk (tydlik temabier yn 2022)
  • Zaailander Maizon
  • Zaailander Keller
  • Zaailander Alt
  • Zaailander Klimroos tripel

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]