Springe nei ynhâld

Stadjer

Ut Wikipedy

Stadjer (as stadjeder) is in namme foar in bewenner fan de stêd Grins; sy wurde ek Grinzer neamd.

Bewenners fan de provinsje Grinslân wurde ek wol oantsjut mei ûnder mear Ommelaander, Hogelandster (ien fan it Hegelân), Knoalster (ien út de omkriten fan Stadskanaal) of Westerkwartierder (ien út it Westerkertier).

It wurd stadjer is feitlik de genityf fan stad, dat it betsjut: (immen) 'fan de stêd'.

It wurd wurdt ek faak brûkt om ferskil te meitsjen tusken studinten en net-studinten (of studinten dy't fan oarspron fan bûten de stêd komme).

Stadjers hawwe de bynamme: mollebonen.