Springe nei ynhâld

St. Anger (liet)

Ut Wikipedy
St. Anger (liet)
algemiene ynformaasje
B-kant Commando
artyst Metallica
album St. Anger
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 23 juny 2003
opnommen 20022003
doer 7:21 album
5:41 single
label Vertigo
skriuwer Kirk Hammett,
James Hetfield,
Bob Rock,
Lars Ulrich
produsint Bob Rock,
Metallica
fideoclip
Metallica: St. Anger (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân top 40 - 22,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 43
prizen Grammy - Best Metal Performance - 2004

St. Anger is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica tusken2002 en 2003 en útbrocht op it album St. Anger fan Metallica út 2003. St. Anger is it twadde nûmer op it album en waard op 23 juny 2003 útbrocht as earste single fan it album.

St. Anger giet oer it op in positive wize fentilearjen fan lilkens. De fideoklip foar St. Anger waard opnaam yn de San Quentin finzenis. It wie de earste fideo wêryn't Robert Trujillo as nije bassist te sjen wie. Nettsjinsteande dat er net te hearren is yn it nûmer sels, om't it opnaam is mei in sesjemuzikant. De singleferzje fan it nûmer is twa minuten koarter as it orizjineel op it album St.Anger.

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Bob Rock - Bas
  • Lars Ulrich – Drums