Springe nei ynhâld

Stúdzjeboek

Ut Wikipedy

In stúdzjeboek is in learmiddel dat brûkt wurdt by de stúdzje of it learen foar ûnderwiis yn it heger of universitêr ûnderwiis.

Universiteiten en hegeskoallen hjitte hokker boeken nedich binne om yn in kolleezjejier te brûken foar de ôfsûnderlike fakken. Dêrfoar jouwe se meast oan it begjin fan in nij kolleezjejier in list út. Njonken de ferkeap by boekhannels of fia universitêre ynstânsjes binne der sûnt de ein fan de 20e iuw ek ynternetoanbieders aktyf op de merk foar stúdzjeboeken.

Nederlânske sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân falle stúdzjeboeken - yn tsjinstelling ta skoalboeken, dêr’t de prizen frij fan binne - ûnder de Wet op de fêste boekepriis. Konkreet wol dat sizze dat MBU, HBU en akademyske stúdzjeboeken net ûnder de wetlik fêststelde priis ferkocht wurde meie. Dy beheining is der om ûnearlike konkurrinsje foar te kommen en beskermet de oanbieders dy’t aktyf binne op de oanbelangjende merk. Dy fêste boekepriis jildt allinnich foar Nederlânsk- en Frysktalige boeken. Sûnt 1 maaie 1998 is de fêste boekepriis foar oarstalige boeken opheft, en dêrmei ek de fêste boekepriis foar oarstalige stúdzjeboeken.

De Wet op de Fêste Boekepriis makket in útsûndering foar stúdzjeferienings, dy’t oan har leden ek Nederlânsk- en Frysktalige boeken oanbiede meie mei op syn meast 10% koarting. Dy útsûndering soarget derfoar dat in soad studinten harren stúdzjeboeken keapje by in stúdzjeferiening. Ek is it op ’t heden tastien om by de ferkeap fan Nederlânsk- en Frysktalige stúdzjeboeken 5% koarting te jaan. In eask dêrby is dat de keaper oantoane moat de stúdzjeboeken dêr’t it om giet te brûken foar in stúdzje. Mei it ôfskaffen fan de fêste boekepriis foar oarstalige boeken ûntstie foar it earst de mooglikheid op priis te konkurrearjen. De besteande boekhannels ha dêr lykwols minimaal op ynspile. Dy ha ommers te krijen mei hege foarried- en hierkosten, dy’t trochberekkene wurde yn de prizen.

Healsliten stúdzjeboeken falle net ûnder de Wet op de Fêste Boekepriis. Brûkte stúdzjeboeken kinne ferkocht wurde fia boekhannels of boekemerken, mar se kinne ek daliks troch eigners ûnderinoar ferhannele wurde. Der binne stúdzjeboekemerken dêr’t studinten ûnderinoar healsliten stúdzjeboeken keapje en ferkeapje kinne. Ek wurde se oanbean fia spesjalisearre winkels lykas antikwariaten. Utjouwers fan stúdzjeboeken besykje de ferkeap fan healsliten boeken faak te kearen troch yn elts nij stúdzjejier in nije printinge út te bringen (bytiden mei hiele lytse wizigings) en dy troch de skoalle ferplichte stelle te litten. Dat dy praktyk benammen op kosten fan de ponge fan de studint giet hoecht net útlein te wurden.