Sredny Stoch-kultuer
De Sredny Stoch-kultuer is in prehistoaryske argeologyske kultuer út de Russyske steppen, dy't fan goed 4500 - 3200 f.Kr. datearret. It is ien fan de ierste kultueren dêr't resten fan fûn binne dy't wize op de domestikaasje fan it hynder. De kultuer tanket syn namme oan in Oekraynsk eilantsje (tsjintwurdich Seredni Stih neamd) benoardeasten fan it eilân Chortytsia yn de stêd Zaporizja, dêr't in protte opgravings west hawwe.
De kultuer befieme de krite tusken de Dnjepr en Don, justjes benoarden de See fan Azov. It hat ynfloeden ûndergean fan de Tripoljekultuer (Trypillja yn it Oekraynsk) fierder nei it west.
It is dúdlik dat it hynder in wichtige rol spile yn dy kultuer. Soks docht bliken út de fynst fan hynstebiten mei spoaren fan slitaazje as gefolch fan in bit, dat fermoeden docht dat de Sredny Stog-minsken ek op de rêch fan it hynder reden, goed trijtûzen jierren earder as neffens de gongbere teoryen (dy't der fan útgean dat de minske it hynder ynearsten foar in wein spande en pas folle letter streekrjocht op it bist te riden gongen).
De Sredny Stoch-minsken dienen wat oan ikkerbou, mar nei alle gedachten hat de feefokkerij harren wichtichste middel fan bestean west. It hynderriden hat dat makliker makken.
De Sredny Stoch-kultuer waard opfolge troch de jamnakultuer, dy't faaks út har fuortkaam is, en yn it suden troch de Kemi-Oba-kultuer.
Neffens de Koerganhypotese fan Marija Gimbutas hat dizze kultuer de "Urheimat" (it lân fan oarsprong) west fan de Proto-Yndo-Jeropeeske taal.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- James P. Mallory, "Sredny Stog Culture", Encyclopedia of Indo-European Culture, Fitzroy Dearborn, 1997.