Springe nei ynhâld

Sprookjeshof

Ut Wikipedy
Sprookjeshof
  ferdivedaasjepark
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Tynaarlo
plak Súdlaren
adres Groningerstraat
koördinaten 53° 57' NB, 6° 41' EL
bysûnderheden
type ferdivedaasjepark
tema Mearkes fan Grimm
eigner Famylje van Nie
iepen 1957
oerflak 40.000 m2
skiednis
iepening 1957
offisjele webside
webstee Sprookjeshof
kaart
Sprookjeshof (Drinte)
Sprookjeshof
Lokaasje fan Attractiepark Sprookjeshof.

De Sprookjeshof is in attraksjepark yn Súdlaren yn de Drintske gemeente Tynaarlo. It park rjochtet him op famyljes mei lytse bern.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1954 presintearren de Súdlaarder Handelsferiening en it bestjoer fan de VVV harren plannen foar in kabouter- en mearkespark yn it Laarwoudbosk, dat ynspirearre wie op it twa jier earder iepene Mearkesbosk de Efteling. As namme waard "Sprookjeshof" keazen, der waard mei sukses beswier oantekene wêrtroch't útwykt wurde moast nei in oare lokaasje. It "Sprookjeshof" waard yn 1957 in pear jier letter as pland ferwêzentlike en iepene op it grûngebiet fan hotel "Huize Eltinge".

Yn 1981 waard de famylje Tolner eigener fan it park. Yn 1997 waard der in plan yntsjinne foar in oerdutsen boarterstún, nei jierren fan oanpassingen meitsjen fanwegen beswieren, en diskusjes waard it plan úteinlik yn 2009 goedkard en waard de boarterstún yn 2010 iepene. Yn 2015 waard it park kocht troch de Fryske attraksjehanneler Tjebbe Haringa[1] Yn 2016 waard it restaurant fan it park ferboud ta sjike brasserie.[2]

It tal wriuwings dat ûntstien wie tusken it parkbestjoer en ferskate oerheden oangeande regeljouwing, die de doetiiske eigner Tjebbe Haringa besluten it park te keap te setten.[3] Yn 2023 waard de Sprookjeshof ferkocht oan de famylje van Nie.[4] Yn 2024 waard de brasserie ferboud ta pankoekenrestaurant en wer in echt ûnderiel fan it attraksjepark.[5] De attraksjes yn it park binne net elektrysk oandreaun mar meganysk, sa moatte folwoeksenen bygelyks fytse om it reuzenrêd yn beweging te krijen.[6] De kommende jierren sille der in tal nije attraksjes pleatst wurde.[7][8]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL