Sportferiening Oeverzwaluwen is oprjochte op 10 july1929 en spilet op Sportpark oan de Dûmny L. Tinholtstrjitte. It tenu fan de klup bestiet út in blau shirt in wite flanken, in wite broek en blauwe sokken. De feriening waard oprjochte ûnder de namme Unitas (Latyn foar ienheid). Yn 1942 waard dat feroare yn SV Oeverzwaluwen. De sportferiening hat fjouwer ôfdielingen: gymnastyk, tennis, fuotbal en follybal.