Springe nei ynhâld

Oerlis:Sportferiening Oeverzwaluwen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Moat de namme net ferfryske wurde nei Oere Sweltsjes. Yn Ljouwert sizze we ek Sweltsjes by Leeuwarder Zwaluwen.--Geoffrey 19 okt 2008, 17.28 (CEST)[beäntwurdzje]

Tsja, dît is in lestige.. As wy it letterlik oersette soe it ierdswellen, gongswellen, grûnswellen, modderswellen, feale swellen of skiere swellen wurde moatte. Dat stiet wol fier fan de offisjele Nederlânske namme ôf. De Sweltsjes is dan wol in moaie tuskenfoarm.--Swarte Kees 19 okt 2008, 18.50 (CEST)[beäntwurdzje]
Sis, jo prate mei jo freon oer dizze klub. Hoe hjit dy dan? Aliter 19 okt 2008, 23.17 (CEST)[beäntwurdzje]
At wy (mei myn team) nei Ljouwert moatte soene wy sweltsjes sizze. Koudum leit foar ús in hiel ein út de reak, dus nea mei makke hoe at minsken dit neame. Mar om't net ien wit dat it yn it frysk in Ierdswel is, en de measten dochs net zwaluwen sizze at se frysk prate bin ik bang dat de measten der eat as oeverswellen fan meitsje sille :(. Dat liket my wêr wat te bryk om hjir te brûken.
By de sweltsjes tinke de measte minsken oan dy klub út Ljouwert tinkt my. Theun 22 okt 2008, 20.53 (CEST)[beäntwurdzje]
It klubblad hiet yn alle gefallen "It Sweltsje". --Geoffrey 24 okt 2008, 23.27 (CEST)[beäntwurdzje]