Springe nei ynhâld

Spoken Word

Ut Wikipedy

Spoken Word (Ingelsk; letterlik: sprutsen wurd) is foardracht fan literatuer, meastal binnen de popkultuer.

Foarm en Skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foardrachten kinne in lêzing of optreden wêze, mei poëzy, gedichten, proaza, koarte ferhalen, kollumns, ensafuorthinne. De foardracht kin sprutsen wurde, deklamearre of sprekkend fertolke, al of net mei fisuele of muzikale stipe, lykas meastal mei fideoprojeksjes en / of lûdslânskippen ('soundscapes').