Springe nei ynhâld

Spoar fan Grins nei It Hearrenfean

Ut Wikipedy

It Spoar fan Grins nei it Hearrenfean wie in plande spoarline dy't oanlein wurde moatte soe fan Grins nei It Hearrenfean. De line wie in plan út 2007 fan ferfierder Arriva. It hie ien fan de kompinsaasjeprojekten wurde moatten nei it net trochgean fan de Suderseeline[1]. Arriva hie ek mei helpe wollen oan it beteljen fan de oanlis[2]. Yn 2012 waard fan it plan ôfsjoen[3].

Yn 2008 waard bekend dat de line opnaam is yn it regionaal mobiliteitsfûns dat de noardlike provinsjes ôfpraat hawwe mei Camiel Eurlings, de Minister fan Ferkear en Wettersteat. De totale kosten foar de line wiene ynearsten noch net wis. Yn eardere tiden waard wol oer €577 miljoen sprutsen, yn de maitiid fan 2009 waard bekend dat de kosten wol nei oan de €700 miljoen komme.

De line hie in ferbining foarmje moatten tusken de no al besteande stasjons fan Grins en It Hearrenfean. Ek moast der in stasjon yn Drachten komme, dêr't it, nei grutte, twadde plak fan Fryslân dan einliks wer in spoarferbining. In winsk dy't al lang libbet yn Drachten.

De line soe 58 kilometer lang wurde, en hat nei alle gedachten 28 keunstwurken. It fûnemint fan de spoarline soe sa oanlein wurde moatte dat it skielk sa goed bliuwt dat yn in letter tiidrek ek hegefaasjetreinen oer it spoar ride kinne.

By de presintaasje fan it kompensaasjepakket foar Noard-Nederlân wie de oanlis fan dizze line ien fan de meast opfallende projekten. Mei de oanlis fan de line soe eins ek in begjin makke wurde mei de oanlis fan de Suderseeline. De direkteur fan Arriva lei de klam op de winsk om de nije line sa oan te lizze dat dy letter útboud wurde kin nei hegefaasjeline.

Fierdere ûntwikkelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de oankundiging fan Arriva om de line te bouwen binne der al in stik as wat stappen ûndernaam. Op 18 maart 2008 hawwe minister Eurlings en de Stjoergroep Suderseeline in prinsipe-akkoard sletten, dêr't ek it spoar fan Grins nei It Hearrenfean yn opnaam is. Undersyk fan de provinsjes Fryslân en Grinslân hawwe al sjen litten dat in spoarferbining tusken Grins en It Hearrenfean finansjeel te dwaan is. Yn 2012 bliek dat de behear- en ûnderhâldskosten der noch net by sieten. Tagelyk waard der riddenearre dat de kâns lyts wêze soen dat de spoarline rendabel wêze soe.

Oanrekommandaasje te skrassen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op freed 25 maaie 2012 hat it Breed Bestjoerlik Oerlis (de bestjoerders fan de belutsen provinsjes en gemeenten) yn mearderheid besletten te oanrekommandearjen en skras de spoarline. De Provinsjale Steaten namen einlings it beslút en skras yndie de plannen.

Yn it ramt fan it "Deltaplan foar it Noarden" kaam it oanlizzen fan de Lelyline, in fluggere spoarferbining tusken Amsterdam en Grins, dy't oer Lelystêd, Emmeloard, De Lemmer, It Hearrenfean en Drachten nei Grins ta rinne moat, yn 2021 ek wer op it aljemint[4].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

boarnefernijing