Spinnekop fan polder 41 (Ljouwert)
Appearance
Mûne fan polder 41 | ||
bouwurk | ||
De ûnderbou yn 1983 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
adres | Himpenserdyk | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | spinnekop | |
boujier | 1832 of earder | |
sloopjier | 2000 |
De mûne fan polder 41 wie in spinnekop oan de Himpenserdyk yn it buorskip Tearns, tsjintwurdich Ljouwert.
De spinnekop waard yn 1832 boud en bemealle it wetter út polder 41 op de sleat dy't op de Greuns útkaam. Sûnt 1928 wie de spinnekop ûnttakele, mar it 4 meter hege en likernôch 2,2 meter by 2,2 meter brede ûnderhûs bleau noch lang stean om't dêr in elektromotor yn stie.
De mûne hie in flecht fan likernôch 12 meter. It ûnderhûs wie mei pannen dutsen en wie foar de sloop al yn ferfal. Mei de oanlis fan de wyk Suderbuorren yn 2000 waard ek de ûnderbou ôfbrutsen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |