Springe nei ynhâld

Seeskou

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Spekbak)
Model fan in Lemsterskou, kolleksje Suderseemuseum

De seeskou ek wol Lemsterskou of spekbak neamd ( fanwege syn uterlik) is in fiskersskip fan de Iselmar nei de ôfsluting fan de Sudersee yn 1932.

It is in platboaiem mei in hege kop, smelle swurden en in bun, earst fan hout, letter fan izer. Miskyn foar it earst boud op De Lemmer yn de Earste Wrâldkriich troch G. Wierda. Se wurde dêrom wol "De Mobilisaasje" neamd (offisjeel Le. 21). Seeskouwen wienen yn Hoarn populêr, mar waarden ek troch in soad oare fiskers besteld yn Makkum of werven oan de Iselmar. Botters, kwakken en Kotters wienen nei de ôfsluting net mear rendabel, dat wienen dizze relatyf lytse en goedkeape skippen in útkomst. Se waarden brûkt foar de fiskerij op iel en snoekbears. Troch de âldere fiskers waarden se smeulsk spekbak neamd. It wurdt as jacht dus mei kajút, noch altyd boud.