Springe nei ynhâld

Spûkdiereftigen

Ut Wikipedy
Spûkdiereftigen
Filipynsk spûkdier (Carlito syrichta)
Filipynsk spûkdier (Carlito syrichta)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift : primaten (Primates)
ûnderskift: drûchnoazigen (Haplorhini)
tuskenskift: spûkdiereftigen (Tarsiiformes)
William King Gregory, 1915

De spûkdiereftigen (Tarsiiformes), binne in tuskenskift binnen de drûchnoazigen. Njonken de noch besteande spûkdieren (Tarsiidae), binne der twa útstoarne famyljes: oer-langsturtdieren (Archicebidae) en raumûsdieren (Omomyidae). Dêrfan libben de raumûsdieren fan it Let-Paleoseen oant it Ier-Mioseen. Raumûsdieren binne fossilen fan fûn yn hast alle wrâlddielen. De apen binne grif út de spûkdiereftigen fuortkaam, en dan yn it besûnder út de raumûsdieren.

Der wurdt noch ûndersyk dien nei de oerlangsturtdieren, der't earst yn 2003 in fossyl fan fûn is. Op it stuit (2022), wurdt it beskôge as de mûglike âldste mienskiplike foarfaar fan alle spûkdiereftigen, fan 55 miljoen jier werom, grif fan alle drûchnoazigen en mûglik sels fan alle primaten. Om't it fossyl fûn is yn Hubei yn Sina, suggerearret it dat de oarsprong fan alle drûchnoazigen yn Aazje leit.

  • ûnderskift drûchnoazigen (Haplorhini)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • As boarne is meast [1] brûkt.