Drûchnoazigen (wittenskiplike namme: Haplorhini), ek wol drûchnoasapen of apen en spûkdieren neamd, binne in ûnderskift fan de primaten (Primates). Dat ûnderskift wurdt foarme troch it tuskenskift fan de apen en de famylje fan de spûkdieren. Wat de drûchnoazigen ûnderskiedt fan de healapen of wietnoazigen, it iennichste oare ûnderskift fan 'e primaten, is net inkeld in drûge noas, mar dat by drûchnoazigen it primêre sintúch it gesichtsfermogen is. Dit is wêrom't hja de beide eagen oan de foarkant fan de plasse hawwe, dat hja djipte sjen kinne.
It kin wêze dat dit it skaaimerk is dat makke hat dat de drûchnoazigen in gruttere yntelliginsje ûntwikkele hawwe as healapen. In oar skaaimerk fan drûchnoazigen is dat hja gjin fitamine C oanmeitsje kinne. Dit is de grûn wêrom't drûchnoazigen net herbivoaren binne: om de fitamine C binne de apen omnivoaren, en de spûkdieren karnivoaren.
It ûnderskift fan 'e drûchnoazigen waard yn de rin fan de 20e iuw foar it earst ynsteld, doe't by benammen spûkdieren út undersyk bliken die dat hja neier besibbe wienen oan de apen as oan de healapen. Oarspronklik waarden hja nammentlik as in útsûnderlike groep fan de healapen beskôge. Yn âldere literatuer is dit soms noch werom te finen.