Springe nei ynhâld

Sonja Barend Award

Ut Wikipedy

De Sonja Barend Award is in jierlikse fakpriis foar it bêste telefyzjeynterview. De priis is in inisjatyf fan de VARA-gids. Hy is ferneamd nei tf-presintatrise Sonja Barend, 'de keningin fan de talkshow',[1] dy't goed fjirtich jier op telefyzje te sjen wie. Ein 2006 hold se op mei it meitsjen fan telefyzje. De priis wurdt útrikt troch in faksjury fan fjouwer persoanen. Earst wurdt der in top tsien makke, dêr't trije fan oerbliuwe. Yn oktober wurdt de priis útrikt troch Sonja Barend sels, begelaat fan Matthijs van Nieuwkerk yn de talkshow De Wereld Draait Door. Barend bemuoit har oars net mei it debat oer wa't de priis krijt.

2009: Matthijs van Nieuwkerk, oeuvrepriis
2010: Clairy Polak, foar har petear mei Hans van Goor, de twadde man fan de DSB Bank (Nova, 14 oktober 2009)
2011: Twan Huys, foar syn petear mei âld-oerste fan Dutchbat, Thom Karremans (Nieuwsuur, 3 augustus 2011)
2012: Mariëlle Tweebeeke, foar har ynterview mei Reinout Oerlemans, Elmer Mulder en Jaap Bonjar (Nieuwsuur, 23 febrewaris 2012)
2013: Coen Verbraak, foar syn ynterview mei Rijkman Groenink (Kijken in de ziel, 5 augustus 2013)
2014: Jeroen Pauw, foar syn ynterview mei Fleur Agema (5 jaar later, 27 desimber 2013)
2015: Jeroen Pauw, foar syn ynterview mei Frans Timmermans (Pauw, 8 oktober 2014)
2016: Humberto Tan, foar syn ynterview mei oerlibbenen fan de oanslag yn it Bataclanteäter yn Parys (RTL Late Night, 16 novimber 2015). Earfolle fernijing: Tijs van den Brink petear mei Midas Dekkers
2017: Janine Abbring, foar har fraachpetear mei Eberhard van der Laan (Zomergasten, 30 july 2017)
2018: Eva Jinek, foar har ynterview mei Farid Azarkan (Jinek, 20 juny 2018)
2019: Kefah Allush foar syn ynterview mei Peter van Uhm (De Kist, 17 febrewaris 2019)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sonja Barend koningin van de talkshow, www.trouw.nl, 22 aug. 2006