Springe nei ynhâld

Sofija Gûbajdûlina

Ut Wikipedy
Sofija Gûbajdûlina
Sofija Gûbajdûlina yn 2016
Sofija Gûbajdûlina yn 2016
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Russysk
berne 24 oktober 1931
berteplak Tsjistopol
stoarn 13 maart 2025 (93 jier)
stjerplak Appen
wurkpaad
berop/amt Komponist

Sofija Asgatovna Gûbajdûlina (Russysk София Асгатовна Губайдулина. Sofija Asgatovna Gubajdulina, Tataarsk: Sofia Äsğät qızı Ğöbäydullina; (Tsjistopol, Tataarske Autonome Sovjetrepublyk, 24 oktober 1931 - Appen, 13 maart 2025) wie in Russyske, eksperiminteel komponiste.

Sofia (oarspronklik Sonia) Gûbaidûlina waard berne yn'e stêd Chistopol yn'e Tataarske Autonome Republyk (no de Republyk Tatarstan) yn in Tataarsk-Russyske famylje. Har heit, Asgat Masgûdovitsj Gûbaidulin, wie in geodetysk yngenieur. Har mem, Fedossiya Fedorovna Gûbaidûlina, berne Yelkhova, wie in learares. Har pake, Masgûd Gûbaidûlin, wie in mullah. Gûbaidûlina beleden sels it Russysk-Otterdoks leauwe; hja waard Russysk-Otterdoks doopt yn maart 1970 mei de namme Sofia; de pianiste Marija Jubema wie har peetmuoike. Gûbaidûlina sei: Ik bin derfan oertsjûge dat hast alle keunst religieus is, omdat keunst en religy itselde doel hawwe: de ferbining ta stân bringe tusken it ik en wat folsleinens. Se hat yn totaal trije kear troud west.

Gûbajdûlina studearre piano en komposysje oan it konservatoarium fan Kazan, doe komposysje oan it 'Konservatoarium P. I. Tsjaikovski' fan Moskou. Dêr krige hja les fan Nikolaj Peiko, de assistint van Dmitri Sjostakovitsj. Fan 1959 ôf wurke hja ûnder Vissarion Sjebalin.

Sûnt 1963 wie hja warber as komponiste.

Yn 1975 rjochte hja mei Viktor Soeslin en Vjatsjeslav Artjomov it Astreja-ensemble op dat him spesjaal talei op ymprovisaasje mei seldsume Russyske, Kaukasyske, Sintraal- en East-Aziatyske tradisjonele muzyk- en slachynstruminten. Troch de ferneamde fiolist Gidon Kremer, dy't sûnt begjin jierren '80 har wurk oanbefellet, wurdt Gûbajdûlina har wurk regelmjittich yn it westen útfierd. Mei Schnittke, Denisov en Silverov, wurdt se no beskôge as de leading lady fan de nije muzyk út de eardere Sovjet-Uny.

Nei it útinoar fallen fan de Sovjet-Uny ferhuze Gûbaidûlina yn 1992 nei it Dútske doarp Appen by Hamburg yn Sleeswyk-Holstein. Yn in ynterview mei de NRC sei se dêroer:

It kaam te let, ik wie al sechstich, mar foar my wie dat it gelok. Ik hie tweintich jier yn'e stilte fan in doarp krigen!" "De natuer is it iennige plak dêr't ik werklik libje. Dat is myn echte libben, yn de natuer, yn de stilte. Hja libbe dêr as in soarte fan kluzener. De tillefoan naam se nea op, wa't har berikke woe, die dat fia de post.

Har wurk wurdt geregeld yn Nederlân útfierd. Foaral ensembles as Nieuw Ensemble, Amsterdam Sinfonietta en Asko-Schönberg spilen har wurken. Gûbaidûlina priizge it Nederlânske publyk foar syn oprjochte leafde foar muzyk, en it fermogen om goed en min faninoar te ûnderskieden. Har lêste wurk Anton Liebe und Hass is yn 2018 yn Nederlân ûnder lieding fan Valeri Gergiev yn premjêre gien. In âldere ferzje fan it stik wie al earder útfierd, mar dêroer wie se ûntefreden. Goebaidoelina droech it stik op oan God. Yn België wie der ûnder oare in útfiering fan Introitus troch de Beethoven Academie in deSingel (1997).

Prizen en ûnderskiedingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wurk (ûnfolslein)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Hommage à Marina Tsvetajeva (1984), foar koar.
  • Hommage à T.S. Eliot (1987), foar sopraan
  • In croce (1979-92), foar sello en akkordeon
  • Offertorium (1980), foar fioele en orkest
  • Sieben Worte (1982), foar sello, akkordeon en strikers
  • Quatuor à cordes n° 1 (1971)
  • Quatuor à cordes n° 2 (1987)
  • Quatuor à cordes n° 3 (1987)
  • The Canticle of the Sun by St Fransiskus fan Assisi (1997), foar sello, koar en slachwurk
  • Rejoice!, sonate foar fioele en sello (1981)
  • Trio pour violon, alto et violoncelle (1988)
  • In Erwartung, foar fjouwer saksofoans en 6 perkusjonisten (1994)

Kantates en wijde muzyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Night in Memphis kantate (1968)
  • Offertorium
  • Alleluja foar mingd koar, knapesopraan, oargel en grut orkest (1990)
  • Lauda foar alt, tenor, bariton, ferteller, koar, en grut orkest (1991)
  • Johannes-Passion foar sopraan, tenor, bariton, bas, 2 koaren, oargel, en grut orkest (2000)
  • Johannes-Ostern foar sopraan, tenor, bariton, bas, 2 koaren, oargel, en grut orkest (2001)
  • Aus dem Stundenbuch op in tekst fan Rainer Maria Rilke foar sello, orkest, mannekoar, en frouljusstim (1991)
  • Ein Engel foar alt en kontrabas (1994)
  • Aus den Visionen der Hildegard von Bingen foar alt (1994)
  • Galgenlider à 3 15 stikken foar mezzo-sopraan, perkusje, en kontrabas (1996)
  • Galgenlider à 5 14 stikken foar mezzo-sopraan, fluit, perkusje, bayan, en kontrabas (1996)
  • Hell und Dunkel (1976)
  • In Croce foar sello en oargel (1979), foar bayan en sello (1991)

Foar harmonyorkest

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Hour of the Soul gedicht fan Marina Tsvetajeva foar grut blaasorkest en mezzo-sopraan/kontralto (1974)

Foar tradisjonele Japanske ynstruminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Рано утром перед пробуждением foar trije 17-snarige Japanske baskoto's en fjouwer 13-snarige Japanske koto's (1993)
  • Michael Kurtz: Sofia Gubaidulina - Eine Biographie. Stuttgart: Urachhaus, 2001.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: