Snoekeblêd
snoekeblêd | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sagittaria sagittifolia | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
Snoekeblêd (ek pileblêd, pilekrûd,Omodaka pylkblêd of pylkkrûd (Sagittaria sagittifolia) is in wetterplant út de weversblêdfamylje (Alismataceae). Kweekte foarmen komme út East-Aazje. De namme ferwiist faaks nei de blêdfoarm.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is in oerbliuwende, 70-100 sm hege moeras- of wetterplant mei knoleftich ferdikke, 4-5 sm grutte rizomen. De knollen binne aaifoarmich, wyt of grien fan kleur en bedekt mei skobben. De blêden binne pylkfoarmich, donkergrien, ûndield en langstâle. Under wetter binne de blêden ljochtgrien, lang en smel. Boppe wetter hawwe de blêden in dúdlike pylkfoarm. De trijekante stâlen kinne wol in heale meter boppe wetter útstekke.
De plant bloeit fan july-septimber en hat yn de midden in brún oant donkerpears plak. De blommen groeie yn langhalige bloeiwizen. De blommen besteane út trije frije kroanblêden en trije griene tsjelkblêden. De fruchten binne lyts.
De plant kin temperatoeren oant -20 °C ferneare. De soarte groeit yn wetter tusken de 10-60 sm djip. It wetter moat neutraal oant licht basysk fan pH wêze.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blommen binne ienslachtich. Manlike blommen sitte yn de boppeste krânsen fan de blom, froulike yn de ûnderste krânsen. De siedden ferspriede har driuwend oer it wetter. Se binne yn rêststeat en binne noch net by steat út te spruten. Pas at se bleatsteld binne oan in perioade fan lege temperatoeren kinne se kime.
Ekologyske aspekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de stâlestikken fan de plant dy't ûnder wetter sitte kinne gongen makke wurde troch larven fan de dûnsmiggen (Chironomidae). Ek slakken kinne de plant oantaaste. Boppe wetter binne de stâlen krekt wer gefoelich foar swarte lûs.
Tapassings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De setmoalhâldende, swiet aromatysk smeitsjende knoltsjes wurde yn Sjina en Japan as griente iten. De knoltsjes wurde skyld, yn lytse stikken snien en dan sean. Se binne in bestândiel fan in soad Aziatyske gerjochten. Yn de knollen sit 20% setmoal en 5% aaiwyt. Ek de jonge blêden binne ytber. De plant wurdt benammen kultivearre yn Sjina, Japan en Taiwan en op lytsere skeal yn Yndoneezje en Maleizje. It duorret seis oant sân moanne eardat de oanplante planten rispe wurde kinne.
Tún
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de túnfiver kinne de planten of knollen it bêste yn de maitiid of hjerst yn kuorren of amers útplante wurde, sadat de planten ek maklik úttinne wurde kinne. Jou de plant in sinnich plak foar moaie blommen, al kin de plant ek wol wat skaad brûke. Troch de ôfmjitting is de plant net geskikt far lytse fivers.
- Plantesoarte
- Snoekeblêd (famylje)
- Wetterplant
- Griente
- Lânseigen floara yn Abgaazje
- Lânseigen floara yn Armeenje
- Lânseigen floara yn Azerbeidzjan
- Lânseigen floara yn Belgje
- Lânseigen floara yn Bosnje
- Lânseigen floara yn Bulgarije
- Lânseigen floara yn Denemark
- Lânseigen floara yn Dútslân
- Lânseigen floara yn Eastenryk
- Lânseigen floara yn Estlân
- Lânseigen floara yn Finlân
- Lânseigen floara yn Frankryk
- Lânseigen floara yn Fryslân
- Lânseigen floara yn Georgje
- Lânseigen floara yn Guernsey
- Lânseigen floara yn Hongarije
- Lânseigen floara yn Ierlân
- Lânseigen floara yn Ingelân
- Lânseigen floara yn Itaalje
- Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen floara yn Jersey
- Lânseigen floara yn Kazachstan
- Lânseigen floara yn Kosovo
- Lânseigen floara yn Kroaasje
- Lânseigen floara yn Letlân
- Lânseigen floara yn Lychtenstein
- Lânseigen floara yn Litouwen
- Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen floara yn Moldaavje
- Lânseigen floara yn Montenegro
- Lânseigen floara yn Nederlân
- Lânseigen floara yn Noard-Ierlân
- Lânseigen floara yn Noarwegen
- Lânseigen floara yn de Oekraïne
- Lânseigen floara yn Poalen
- Lânseigen floara yn Portegal
- Lânseigen floara yn Roemeenje
- Lânseigen floara yn San Marino
- Lânseigen floara yn Servje
- Lânseigen floara yn Sibearje
- Lânseigen floara yn Sloveenje
- Lânseigen floara yn Slowakije
- Lânseigen floara yn Spanje
- Lânseigen floara yn Súd-Osseesje
- Lânseigen floara yn Sweden
- Lânseigen floara yn Switserlân
- Lânseigen floara yn Tsjechje
- Lânseigen floara yn Turkije
- Lânseigen floara yn Wales
- Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen floara yn Afganistan
- Lânseigen floara yn Birma
- Lânseigen floara yn Bûtan
- Lânseigen floara yn de Feriene Steaten
- Lânseigen floara yn Fjetnam
- Lânseigen floara yn Iran
- Lânseigen floara yn Japan
- Lânseigen floara yn Kanada
- Lânseigen floara yn Kirgyzje
- Lânseigen floara yn Nepal
- Lânseigen floara yn Noard-Koreä
- Lânseigen floara yn Oezbekistan
- Lânseigen floara yn Pakistan
- Lânseigen floara yn Sina
- Lânseigen floara yn Súd-Koreä
- Lânseigen floara yn Tadzjikistan
- Lânseigen floara yn Turkmenistan
- Lânseigen floara yn Yndia
- Lânseigen floara yn Yndoneezje