Springe nei ynhâld

Sminkefeart

Ut Wikipedy
Skjirreslipersbrêge
De Sminkefeart op de hichte fan Golfclub Gaasterland, nei it westen ta sjoen

De Sminkefeart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint njonken de Sminkewei fan de Van Swinderenfeart tusken Elfburgen en de Lycklemabosken nei it suden yn de rjochting fan Aldemardum. De namme Sminkefeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Sminkevaart.

De Sminkefeart waard eartiids de Stiendollersfeart neamd. Dizze namme soe de feart krigen hawwe troch de by it graven fan it kanaal opdolde swerfstienen, dy't brûkt waarden foar de fersterking fan de seewarring.[1] It kanaal rint ten noardeasten fan Aldemardum en rint ten súdwesten fan de Kippenburch út yn de Van Swinderenfeart, in ferlinging fan De Luts. Beide kanalen waarden yn 1840 groeven yn opdracht fan de grutgrûnbesitter Van Swinderen. Fia dizze kanalen kie it ikehout út de bosken ôffierd wurde, omkeard waard der fruchtbere terpgrûn út de klaaistreek fan Fryslân oanfierd.[1] Troch de oanlis fan dizze kanalen waard de ôfwettering fan dit diel fan Gaasterlân ferbettere. Ten westen fan de Sminkefeart leit de Roekebosk en ten easten it terrein fan de Golfclub Gaasterlân.

Oer de Sminkefeart leit in de Alde Balksterwei in brêge mei de namme Skjirreslipersbrêge. De brêge soe syn namme krigen hawwe troch de earste passant dy't oer de brêge rûn nei it klearkommen derfan. Efter de brêge soe in wenboat fan in famylje fan skjirreslipers lein hawwe. In oare lêzing is dat de brêge nei in skjirresliper neamd is dy't hjir in famke fermoarde hawwe soe.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Boersma, Bauke Gaasterland: eeuwenoud land tussen Mar en Klif, útjouwerij Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2005, ISBN 90-330-0540-9
  2. Aldemardum Gaasterlân - Skjirreslipersbrêge