Van Swinderenfeart

Ut Wikipedy

De Van Swinderenfeart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint yn Gaasterlân fan de mar besuden De Wyldemerk by it buorskip Skou nei it noardeasten rjochting Kippenburch.

De feart is neamd nei jonkhear Gerard van Swinderen út Grinslân. Hy hat De Luts útdjipje en kanalisearje litten tusken 1820 en 1830. Van Swinderen joech yn 1840 opdracht om de Luts troch te lûken. It lânhûs Kippenburch stiet op it plak dêr't de boarne fan De Luts oergiet yn dy ferlinging. Trochdat de ûntwettering hjirtroch ferbettere koe it lân ek better brûkt wurde. De Van Swinderenfeart stie yn ferbining mei de Riisterfearten: Mardersleat (Wytikkersfeart) en oanslutend de Sminkefeart (Ek wol Stiendollensfeart of Sternhatsterfeart neamd).

De namme Van Swinderenfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Van Swinderenvaart.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]