Slot Neuhaus (Paderborn)
Slot Neuhaus | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
plak | 33104 Paderborn | |
adres | Schloßstraße 10 | |
koördinaten | 51° 44' N 8° 42' E | |
Skiednis | ||
stifter | Diederik fan Fürstenberg | |
boujier | 1546-1618 | |
Oars | ||
hjoeddeisk gebrûk | skoalle; museum | |
Webside | ||
www.schlosspark-paderborn.de | ||
Kaart | ||
It Slot Neuhaus (Dútsk: Schloss Neuhaus) is in wetterkastiel yn renêssânsestyl yn it Paderborner stedsdiel Schloss Neuhaus yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Fan 1370 oant de Frânske tiid wie it slot de residinsje fan 'e prinsbiskoppen fan Paderborn.
It kastiel waard tichteby it gearrinnen fan 'e rivieren Pader, Lippe en Alme yn opdracht fan prinsbiskop Diederik fan Fürstenberg tusken 1546 en 1618 yn 'e styl fan 'e iere Wezerrenêssânse boud.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bouwurk is oanlein yn in fjouwerhoek mei twa foar inoar oer lizzende tagongspoarten en hat op 'e fjouwer hoeken tuorren. Yn 'e tiid fan prinsbiskop Klemens August fan Beieren (1700-1761) waard in barokke pronkseal yn it kastiel ynrjochte.
Slot Neuhaus wurdt oan alle kanten omfieme fan in grêft. By it kastiel leit in barokke tún en in park mei ferskillende gebouwen.
It grutste part fan it kastiel wurdt hjoed-de-dei as skoalle brûkt. Yn 'e 18e-iuwske barokke stâl binne twa musea ûnderbrocht, in keunstmuseum en in natoermuseum.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Schloss Neuhaus, Paderborn fan Wikimedia Commons. |