Slot Hvedholm

Ut Wikipedy
Slot Hvedholm
  kastiel
Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
regio Súd-Denemark
plak Horne
adres Hvedholms Allé
DK-5600 Faaborg
koördinaten 55° 6' N 10° 11' E
Skiednis
boujier 1878-1882
Oars
boustyl Histoarisme
Webside
Side Kronborg
Kaart
Slot Hvedholm (Súd-Denemark)
Slot Hvedholm

It Slot Hvedholm (Deensk: Hvedholm Slot) is in slot likernôch 2 kilometer westlik fan de stêd Faaborg op it Deenske eilân Fún. De namme giet werom op 1450, doe't it bûten bekend stie as Huedeholm, holm (= eilân) dêr't weit ferboud wurdt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de jierren 1580 waard de havesate ferboud ta in kastiel mei trije tuorrren, dat omsletten waarde troch in grêft. It tsjintwurdige slot is it risseltaat fan in grutte ferbouwing yn 1878-1882. Yn it yn de styl fan it histoarisme boude trijefleugelige bouwurk binne foarmen fan de Frânske barok ferwurke.

It sosjalistyske regear fan Denemark liet yn 1919 de lêste bewenner, baron Baron Preben Charles Bille Brahe (1872-1931), yn it ramt fan in rige nije lânwetten ûnbidich hege belestings oplizze. Dêrfandinne waard de famylje twongen om it slot foar 175.000 Deenske kroanen te ferkeapjen. As kompensaasje waard in diel fan it domein yn 1928 werom jûn. De famylje ferkocht it yn 1937 op 'e nij.

De hege toer jout útsjoch oant op de Súd-Fúnske arsjipel. Noardlik fan it slot bleaune âlde bedriuwsgebouwen bewarre. Yn it suden is in ingelske lânskipstún oanlein.

It slot wurdt mei in lange loane mei de Horne Kirke ferbûn. It is de iennige rûne tsjerke op it eilân, dy't eartiids tsjinne as de patronaatstsjerke fan it bûten Hvedholm.

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed-de-dei is der in hotel yn it slot ûnderbrocht.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Slot Hvedholm fan Wikimedia Commons.