Slick Rick

Ut Wikipedy
Slick Rick The Ruler (2009)
Slick Rick, New York, 1997

Richard Walters, artystenamme Slick Rick, ek MC Ricky D en The Ruler, (Londen, 14 jannewaris 1965), is in Grammy-nominearre Britsk-Amerikaanske Old-school hip-hop rapper.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Slick Rick wenne oarspronlik yn Súd-Wimbledon, Londen, Ingelân, mar ferhuze yn 1975 mei syn húshâlding nei The Bronx yn (New York), dêr't er Dana Dane moete, mei wa't er letter it tige slagge hiphop-duo Kangol Crew foarme. Ricks karakteristike 'eyepatch' (eachlape, lykas by piraten) brûkt er sûnt er as bern by in ûngemak troch brutsen glês in each kwytrekke. Hy is ek bekend om it dragen fan protte enoarme gouden sieraden en diamanten juwielen en in djoere gouden tosk.

Feroardield[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 skeat Slick Rick in man en syn neef, dy't er ynhierd hie as bodyguard, del. Rick waard oanklage foar it twaris besykjen fan moard en yllegaal wapenbesit. Hy waard feroardiele ta 18 jier finzenis (somtiids krige er in pear oeren frij om in konsert te jaan). Russel Simons, haad fan Def Jam Recordings besocht him frij te keapjen. mar dat smiet allinne fiif jier straffermindering op.

Neidat er frijkaam yn 2008 wennet er wer yn syn filla yn Feriene Steaten. Hy jout noch hieltyd konserten, ek yn it bûtenlân, mar is it meast aktyf yn de FS.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums & singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • The Great Adventures of Slick Rick - 1988
    • Children's Story
    • Hey Young World
    • Teenage Love
  • The Ruler's Back - 1991
    • I Shouldn't Have Done It
    • It's a Boy
    • Mistakes of a Woman in Love with Other Men
  • The Art of Storytelling - 1999
    • Street Talkin

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]