Springe nei ynhâld

Slach om Sâltkamp

Ut Wikipedy
Slach om Sâltkamp
Part fan de Tachtichjierrige Kriich
datum: 5 oktober 1589 - 9 oktober 1589
plak: Sâltkamp
útkomst: Steatske oerwinning
konfliktpartijen
Steatske troepen Spanje
befelhawwers
Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg Hindrik van Os
sterkte
400 man 84 man

De Slach om Sâltkamp yn de Tachtichjierrige Kriich sette op 5 oktober 1589 útein mei in belis fan de skâns by it doarp Sâltkamp. Nei fiif dagen joech it Spaansksinnige garnizoen him oan de Fryske troepen ûnder lieding fan Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg oer.

Oanrin nei it belis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earder moasten de Steaten-Generaal in soad terrein priis jaan oan de Spanjerts. Troch it oerrinnen fan de Fryske steedhâlder George fan Lalaing, greve fan Rennenberch, foelen yn 1580 Grins en de Ommelannen yn Spaanske hannen. Yn 1584 waard Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg steedhâlder fan Fryslân en oant 1589 besocht er twaris de gebieten werom te feroverjen. Dat mislearre lykwols en dêrom besocht er de strategy te feroarjen troch de ferbinings fan de stêd Grins te blokkearjen. Foar dat doel liet Willem Loadewyk as tarieding in nije skâns op de Fryske kant fan it Ryddjip oan de Lauwers by Muntsjesyl oanlizze. Noch yn itselde jier besocht de Spaanske legeroanfierder Francisco Verdugo dy skâns te oermasterjen, itjinge mislearre.

De Sâltkamper skâns wie mei in garnizoen fan 84 man ûnder lieding fan Hindrik van Os beset. Eins wie Tjaert Herema foar de fêsting ferantwurdlik, mar dy wie op it stuit fan de oanfal op de Tammingaboarch yn Hornhuizen. Op 5 oktober 1589 foel Willem Loadewyk mei 400 striders de skâns oan. Nei in belis fan fiif dagen foelen de ferdigeningswurken yn de hannen fan de Steatske troepen. By de oermastering kaam luitenant Hindrik van Os om it libben; hy waard beïerdige yn de tsjerke fan Ulrum.[1]

Oanfal en betsjutting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de oermastering fan de skâns hiene de Steaten-Generaal it Reiddjip yn hannen en dêrmei ferlear de stêd Grins de ferbining mei de see. Grins beävensearre dêrnei in tagong ta de see oer it lân oer de haven fan Delfsyl, mar in pear jier letter waard dat mei de besetting fan Delfsyl ek ûnmooglik.

De Slach om Sâltkamp foarme de oanset foar de lettere fal fan Grins, dy't der ta liede dat yn 1594 alle noardlike lânsdielen ûnderdiel waarden fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.

Sûnt 2007 wurdt yn Sâltkamp alle fjouwer jierren yn septimber de Slach om Sâltkamp as toeristysk spektakel neispile.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: