Slach oan de Boarn
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach oan de Boarn fûn plak yn 734 tusken in Frysk leger laat troch oanfierder Poppo en in Frankyske leger laat troch Karel Martel. De Friezen waarden ferslein en dêrtroch waard, nei Fryslân westlik fan it Fly, doe ek Fryslân tusken Fly en Lauwers oan de Franken ûnderhearrich.
It krekte plak fan de slach is net wis, mar it wurdt meast situearre by de mûning fan de Boarn yn de Middelsee, yn de omkriten dêr't no Jirnsum leit. De slach hjit dêrom ek wol de "Slach oan de Bordine" of de "Slach by Jirnsum".
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Fryske Ryk hie ûnder de foargonger fan Poppo, kening Redbad syn grutste útwreiding berikt. Redbad hie tankber gebrûk makke fan de swakkens fan it Frankyske ryk nei de dea fan hofmeier Pippyn II yn 715 en syn legers koenen de Franken maklik ferslaan. De Friezen brochten alle eardere Fryske gebieten binnen it ryk en stienen sels mei in leger foar de poarte fan de haadstêd fan de Franken, Keulen. Under Karel Martel kaam der in ein oan 'e sleauwens fan de Franken en sy begûnen mei it werom winnen fan de ferlerne gebieten. Ek de Fryske kening Poppo moast der oan leauwe yn 733 doe't de Franken in fjildtocht tsjin de Friezen útein sette.
De slach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It leger fan de Friezen wie nei alle gedachten net goed tariede tsjin de sterke kriichsmacht fan de Franken, dy't ûnder de allegedueren krigen fan Karel Martel allinnich mar oerwinnings meimakke hienen. Neffens de annalen waard it Fryske leger tebek slein nei Eastergoa, dêr't de lêste slach plak fûn yn 734 oan de Boarn. Karel stiek mei in float mei in leger oan board de Aelmere oer om De Boarn op te farren. De Friezen waarden yn de slach ferslein en harren oanfierder Poppo skeat it libben der by in. De Franken sloegen oan it plonderjen en stutsen de heidenske hillichdommen yn 'e brân. Mei in grutte bút farde Karel Martel mei syn float werom, de macht fan de Friezen wie brutsen.
Gefolch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferliezen fan dizze slach soe grutte gefolchens hawwe foar de Friezen. Der kaam in ein oan 'e selsstannigens fan it Fryske Ryk. It Fryske gebiet westlik fan de Lauwers waard troch de Franken beset en tafoege oan it Frankyske ryk. Allinich it gebiet eastlik fan de Lauwers koe syn selsstannigens noch behâlde oant 772, doe't de Frankyske kening Karel de Grutte dêr lang om let in ein oan makke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Primêre boarne:
Literatuer:
|