Scotiasee
Appearance
(Trochferwiisd fan Skotiasee)
Scotiasee | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Antarktika en Súd-Amearika | |
lân | Argentynje Argentynsk Antarktika Britsk Antarktysk Terr. Falklâneilannen Sileensk Antarktysk Terr. Sily Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheil. | |
koördinaten | 57°30′ S, 40°00′ W | |
ûnderdiel fan | Súdlike Oseaan | |
sifers | ||
oerflak | 900.000 km² | |
djiptegemiddelde | 3.500 m | |
djipste punt | 6.022 m | |
De Scotiasee en de Scotiarêch. |
De Scotiasee is in see súdlik en súdeastlik fan Súd-Amearika en noardlik fan Antarktika, dy't ornaris as in rânesee fan 'e Súdlike Oseaan beskôge wurdt. De see wurdt yn it noarden, easten en suden fan it oerbliuwende diel fan de Atlantyske Oseaan kieden troch de Scotiarêch, in bôge fan eilannen (ûnder oaren Súd-Georgië en de Súdlike Sandwicheilannen) dy't it berchtme fan it Antarktysk Skiereilân mei dat fan Fjoerlân en de Andes ferbynt. Yn it westen is de Strjitte Drake de skieding mei de Grutte Oseaan en it oare part fan de Súdlike Oseaan. De Scotiazee berint sa'n 900.000 km². Likernôch de helte fan dizze see leit boppe it kontinitaal plat.
Dit artikel is in stobbe oer Oerflaktewetter.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Scotia Sea fan Wikimedia Commons. |